Keatser Tjisse Steenstra hat noch ien doel: de PC winne

Tjisse Steenstra is de man fan de takomst yn it keatspeloton. Hy wûn de ôfrûne twa jier mei syn maten hast alles, sit yn it te kloppen partoer en is de driuwende krêft yn syn partoer. Hy is noch mar 25 jier, hat hast alle partijen op haadklassenivo wûn, mar der ûntbrekt noch ien priis: de PC.
Repo Steenstra
We geane werom nei 1 augustus 2018. It partoer fan Gert Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra hat oant dy dei in geweldich seizoen. Se winne sels sân wedstriden op rige. Se geane wer mei syn trijen de PC-dei yn mei de wittenskip dat alle eagen op harren rjochte binne. Sy binne de favoryt. Se litte it de earste trije wedstriden ek sjen. Se winne mei 5-2, 5-0 en 5-1 en treffe yn de finale de ferrassing fan de dei.
It partoer fan Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden hie it hiele seizoen noch gjin ien kear in haadklassepartij wûn. Dochs komme se oant 5-5. It wurdt in thriller. "En dan sla ik twa ballen bûten, mar krekt. It kin dan ek krekt us kant opfalle, mar dat docht it net", seit Steenstra. Se ferlieze de partij mei 6-2 yn it lêste earst. "Of myn wrâld dan ferlern giet? No ja, je moatte ek bliid wêze mei it twadde plak. Der binne ek guon dy pakke hielendal gjin priis."

Gjin gelokkich houlik

Tjisse en de PC: it is noch gjin gelokkich houlik. Yn 2013 en 2016 helle hy mei syn maat Cornelis Terpstra de finale. Yn 2013 mei Jacob Wassenaar wiene se noch kânsleas tsjin Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar (5-2). Yn 2016, no mei Herman Sprik yn stee fan Jacob Wassenaar, wiene se tichterby, mar ferlearen se mei 5-4 fan Jan Dirk de Groot en wer Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar (de finale mei de streaker).
Cornelis wennet yn Bitgummole en Tjisse en hy ha noch altyd in soad kontakt. "Mei tank oan Cornelis bin ik no dêr't ik bin. Hy hat my der wat by sleept. Dat fyn ik moai. We ha dit wykein noch in part fan de Amstel Gold Race fytst. Machtich moai."

Wer de favoriten

Tjisse keatst foar de stichting Puur Passie. In stichting dy't njonken trainingen, trainingskampen en klean ek foar sponsoaren soarget. Steenstra: "Ik jou yn de winter sels ek training. Dat liket my noch wolris moai. Dat je fan soks je wurk meitsje kinne. It is no ek moai, mar ik kin der fansels net fan libje."
Ynterview Steenstra
Dit seizoen binne Van der Bos, Triemsta en Steenstra wer de favoriten. "Dat witte wy sels ek. Ik ha dêr hielendal gjin lêst fan. Ik fyn it wol moai as safolle minsken nei my sjogge. Dat docht my allinnich mar goed en leit my gjin ekstra druk op. Ik genietsje der echt fan as minsken nei ús komme te sjen. Dan tink ik: moai toch? Dy minsken komme allegear foar us?"

"Ik wol it klassemint winne"

Dit wykein begjint it seizoen mei in ôfdielingspartij yn Weidum. "Punten pakke foar it klassemint," sa seit Steenstra. En dêrmei is syn twadde doel fan dit seizoen fuort dúdlik. "Ik wol it punteklassemint winne. Dan binne je de bêste no. Dat sizze se teminsten."
Hy hat mei syn partoermaat Taeke Triemstra syn grutste konkurrint. "Dêrom bin ik wol bliid dat we wat mear trochinoarlotte partijen ha. Dan binne der mear mominten wêrop't ik it ferskil meitsje kin." Twa jier lyn wûn Steenstra, ferline jier waard hy krekt twadde efter Triemstra.
Namme: Tjisse Steenstra
Bertedatum: 23-07-1993 (25 jier)
Berteplak: Bitgummole
Wenplak: Bitgummole
Tjisse Steenstra in actie © Henk Bootsma
Dielname oan PC:
Klassemint:
Hichtepunten: