HEA! 45 jier tegearre yn de gymseal

26 apr 2019 - 15:15

Lieuwe en Mieke Bergstra binne al 45 jier troud en salang jouwe se ek al mei har beiden les by turnferiening Stânfries yn Drylts. Se sitte der beide mei kop en earen yn en hawwe it der alle dagen oer. Mieke hie ek gjin kar, doe't se mei Lieuwe troude. It wie of meigean yn de gymnastyk of gillend fuortrinne, want yn Lieuwe syn famylje draaide alles om it turnjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)