FNP-foarsitter Van Mourik leit syn funksje del

26 apr 2019 - 15:09

Cees van Mourik fan De Gaastmar hâldt op as foarsitter fan de FNP. Van Mourik hie by syn oanstelling sein dat er twa jier foarsitter wêze woe en allinnich troch woe as de partij groeid wie.

Cees van Mourik - Foto: Omrop Fryslân

De groei dy't Van Mourik woe, hat der net west en dan moatte je wurd hâlde, seit de politikus.

It haadbestjoer fan de FNP siket no in nije foarsitter. Oant dy fûn is, nimt vice-foarsitter Cees Nieboer it foarsitterskip waar. Van Mourik nimt yn maaie ôfskied, op de algemiene ledegearkomste fan de FNP.

(advertinsje)
(advertinsje)