FIDEO: In plakje feroverje foar de frijmerk yn Ljouwert

26 apr 2019 - 14:48

Ljouwert pakt tradisjoneel wer út op Keningsdei mei de grutste frijmerk fan Fryslân en in soad muzyk op ferskate lokaasjes yn de stêd. En as je op de frijmerk je hannel ferkeapje wolle, is it fansels saak om je sa gau as mooglik in plakje ta te eigenjen. De hanthaveners fan de gemeente Ljouwert binne dêr lykwols net altyd bliid mei.

Yn de hiele provinsje binne Oranjeferieningen en oare organisaasjes drok dwaande mei de tariedingen foar Keningsdei. Yn Ljouwert wurde de measte minsken ferwachte. Se kinne it bêste nei de stêd komme mei it iepenbier ferfier.

En ek yn Snits wurdt fansels Keningsdei fierd, mei oeral muzyk yn de stêd, in frijmerk en fansels de aubaude.

(Advertinsje)
(Advertinsje)