Sybrand Buma boargemaster fan Ljouwert? "It is in Fries, dus lit mar komme!"

26 apr 2019 - 13:44

Sybrand Buma wurdt troch De Telegraaf tipt as de nije boargemaster fan Ljouwert. Op de Ljouwerter freedsmerk waard nochal ferskillend reagearre op dat berjocht.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"It is in Fries, dus lit mar komme!", rôp immen, wylst in oar erkende dat hy in 'negatyf foaroardiel' oer de man hat. Syn netwurk yn Den Haag waard faak neamd as in posityf punt. "Der kin de stêd echt wat oan ha."

Kritisy tinke dat it net safolle útmakket. "Se regelje dat ûnderling allegear wat, moast mar rekkenje." Fierder fine guon Ljouwerters dat it heech tiid is om ris in boargemaster fan in oare kleur te krijen, mar oaren fûnen krekt dat in CDA-boargemaster hjir perfoarst net past. "Wy binne hjir in PvdA-bolwurk, wat hat sa'n man hjir te sykjen?"

Freedsmerk: Sybrand Buma boargemaster?

(advertinsje)
(advertinsje)