"Minsken ferstjerre ûnnedich fanwegen lytsere straal by AED-oprop"

De ôfrûne tiid soene der yn de omkriten fan Jobbegea en Hoarnstersweach twa minsken ûnnedich ferstoarn wêze nei in hertstilstân. Dat seit de wurkgroep Hart voor Jubbega/Hoornsterzwaag, dy't him it ôfrûne jier bot ynset hat om AED's yn de doarpen te krijen.
Minsken ferstjerre ûnnedich fanwegen lytsere striel by AED-oprop
It ûnnedich ferstjerren soe neffens de wurkgroep komme trochdat der minder helpferlieners oproppen wurde as earst. Waarden helpferlieners earst yn in straal fan 1.500 meter oproppen, no is dat noch mar de helte: in straal fan 750 meter. Yn 'e stêd foldocht dy ôfstân wol, mar yn it bûtengebiet net, seit de wurkgroep.

Mar in pear minsken helpe

"It is in enoarme frustraasje", sizze de fjouwer froulju fan Hart voor Jubbega/Hoornsterzwaag. Ien fan har leit dúdlik út hoe grut it ferskil is mei it plattelân. "Myn oprit is allinne al 200 meter lang. As der dan in straal fan 750 meter is, berik ik mar fiif huzen. Dat binne mar in pear minsken dy't ik helpe kin."

Reaksje Hartslagnu

Hartslagnu is it lanlike koördinaasjeplatfoarm foar boargerhelpferlieners. Sy sizze yn in reaksje dat se nei de sitewaasje yn Jobbegea sjoen hawwe, en dat út ûndersyk bliken dien hat dat der yn it systeem gjin melding kaam is fanút de meldkeamer.
Gewoanwei komt der in automatysk sinjaal fanút de Meldkeamer nei helpferlieners as immen in saneamde 'sirkulaasjestilstân' hat. Mar der binne inkele tsientallen útsûnderingen op dizze melding, dy't derfoar soargje dat der gjin automatyske oprop komt. Bygelyks as immen himsels tekoart dien hat.
Yn it gefal fan Jobbegea soe de automatyske melding net triggere wêze, wêrtroch't der gjin helpferlieners oproppen binne. Neffens Hartslagnu hat dit dus net te krijen mei in lytsere straal fan helpferlieners.
Sûnt de gearfoeging nei ien systeem hawwe der yn Jobbegea seis meldingen west, wêrby't gemiddeld mear as tolve boargerhelpferlieners oproppen binne.
De froulju fan de wurkgroep Hert foar Jobbegea en Hoarnstersweach fertelle wat it probleem is