Lintsjesrein: Wa hat yn dyn gemeente in lintsje krigen?

26 apr 2019 - 12:05

Rûnom yn Fryslân wurde freed lintsjes útrikt oan minsken dy't wat bysûnders dien of betsjut ha foar de mienskip. Yn Fryslân wurde dit jier krekt wat minder lintsjes útrikt as ferline jier; yn totaal wurde freed 72 minsken keninklik ûnderskieden. Bisto benijd wa't yn dyn gemeente in lintsje krigen hat? Sykje dan efkes yn it oersjoch hjirûnder.

Foto: ANP

Achtkarspelen

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

- Hinke van der West-Fokkens (68) út Bûtenpost

Van der West-Fokkens hat fan 1993 oant 'e mei 2001 diaken west by de Nederlandse Hervormde Kerk yn Bûtenpost. Ek organisearret sy sûnt 2000 aktiviteiten foar leden fan de Christelijke Plattelandsvrouwen Buitenpost. Dêrneist hat sy yn ferskate bestjoeren as Protestantse Ouderen Bond en de kristlike basisskoalle sitten en sy hat har ynset yn it fúzjeproses fan de ferskate kristlike basisskoallen yn de gemeente Achtkarspelen.

- Jelte Kooistra (68) en Anna Wijtske Kooistra-van der Veen (65) út Droegeham

Jelte Kooistra en Anna Wijtske Kooistra-van der Veen sette har al sûnt 1998 yn foar de Betheltsjerke yn Drachten. Sy binne aktyf op ferskate terreinen. Sa fersoargen sy fan 1998 oant en mei 2017 elke moanne 'de Jeugd van vroeger 55+-bijeenkomsten'. Op dizze aktiviteit kamen mear as 100 besikers. Kooistra wie ek dirigint fan it koar 'Uit het hart'. It pear is ek al jierren aktyf as reislieder by busreizen nei Eastenryk en Dútslân.

- Jan Stienstra (86) út Bûtenpost

Jan Stienstra wie jierrenlang frijwilliger, foarsitter en bestjoerslid fan Sportklup Koatstertille. Dêrneist wie hy in belutsen alvetallieder en behearder fan it kluphûs fan de fuotbalferiening. Ek is hy helpkoster fan de Gereformeerde Kerk west en stiper fan buorlju.

- Maaike Terpstra-Wijnalda (61) út Koatstertille

Maaike Terpstra-Wijnalda set har al mear as 40 jier yn foar de EHBO-feriening Droegeham-Koatstertille. Sy wurdt omskreaun as stjoerende krêft binnen de feriening. Sy is ek rom 10 jier frijwilliger op de basisskoalle fan Koatstertille west. Fan 1995 oant en mei 2000 wie sy frijwillichster by de Gereformeerde Kerk Koatstertille en fan 1999 oant en mei 2005 joech sy by in útfeartsintrum de lêste soarch oan ferstoarnen.

Ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau:

- Gerben Gerbrandy út Gau

Gerben Gerbrandy krige de ûnderskieding foar syn jierrenlange ynset mei grutte maatskiplike betsjutting foar de Fryske taal en foar syn wurk as frijwilliger. Op dit stuit is hy noch dwaande foar de Freonen fan Fossylfrij Fryslân. Hy wie oant syn pensjoen begjin fan dit jier seis jier boargemaster fan Achtkarspelen. Dêrfoar wie er twa jier riedslid fan Súdwest-Fryslân en tolve jier wethâlder fan de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Dantumadiel

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

- Janneke Annema-Abma út Damwâld

Janke Annema-Abma wie fan 1990 oant en mei 1994 ponghâlder fan de pjuttersboartersseal De Damrakkertjes yn Damwâld. Sûnt 1994 is Annema-Abma aktyf foar De Zonnebloem, ôfdieling Damwâld. Sy is begeliedster by útstapkes en sy giet mei lotten by de doarren del. Ek is se aktyf foar de Voedselbank Dantumadiel. Fan 2009 ôf organisearret frou Annema-Abma ek de jierlikse kollekte fan it Diabetesfonds.

- Johannes van Breeden (55) út Feanwâlden

Fan 1990 oant en mei 2011 wie Van Breeden aktyf foar de fuotbalklup CSV De Leeuwarder Zwaluwen. Hy is der yn slagge de klup nei in woelige perioade yn rêstiger farwetter te bringen. By syn ôfskied hat hy as tank de titel 'earefoarsitter' krigen. Sûnt 2009 is Van Breeden foarsitter fan de kuorbalferiening fan Feanwâlden en sûnt 2017 fan fuotbalferiening Sportclub Veenwouden. Syn lintsje hat ek alles te krijen mei syn ynset sûnt 2010 foar de Protestantse Gemeente Feanwâlden/Feanwâldsterwâl en syn rol yn de fúzje tusken de Herfoarme en Grifformearde tsjerke.

- Maaike van der Veen-Hoekstra (82) út Feanwâlden

Sûnt 1993 set frou Van der Veen-Hoekstra har yn foar tsjerketsjinsten yn ferpleechûs Talma Hûs yn Feanwâlden. Dat docht sy al sa'n 26 jier. Fan 2002 ôf is sy projektlieder fan it projekt húskeamer Talma Hûs. Yn dit projekt wurde 12 oant 15 bewenners jûns dwaande hâlden mei kofje, tee, spultsjes, foarlêze as gewoan in praatsje. Ek hat sy in protte dingen dien foar Stichting Ouderenwerk Veenwouden.

- Sybren Ytsma (60) út Feanwâlden

Hear Ytsma is sûnt 1988 aktyf foar CNV Vakmensen en lid fan de ûndernimmingsried fan syn wurkjouwer de Ardagh Groep. Fan 2008 oant en mei 2013 wie Ytsma bestjoerslid fan Dorpsbelangen Veenwouden/Veenwoudsterwal. Neist gewoane bestjoerstaken hat Ytsma him ynset foar it iepenhâlden fan de wachtkeamer op it stasjon fan Feanwâlden, de doarpsstatus en in eigen postkoade foar Feanwâldsterwâl.

De Fryske Marren

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

- Pieter Schutten (77)

Hear Schutten is fan 1989 ôf belutsen by de Werkgroep Kerkuilen Friesland. Yn 1987 begûn hy as fûgelteller by Staatsbosbeheer en yn 2007 kaam hjir it sykjen fan de Noardske wrotmûs by. Hy is sûnt 1985 aktyf by de fûgelwacht op 'e Jouwer. Dêrneist begûn Schutten yn 1984 as frijwilliger yn ferskate funksjes by de Protestantse Gemeente Joure. Hy is hjoed-de-dei noch hieltyd bot aktyf as frijwilliger.

- Johan Heegsma (81)

Johan Heegsma is fan 1995 oant en mei 2001 predikant west fan de eardere Kerkenraad Hervormde Gemeente Balk (no Protestantse Gemeente Balk. Fanút dizze funksje hat hy in grutte rol spile yn de federaasje fan de Hervormde en Gereformeerde Kerk yn Balk. Hy bleaun nei syn ôfskied as predikant yn 2001 noch frijwilliger op ferskate flakken.

- Tine Heegsma-Reitsma (81)

Fan 1995 oant no is frou Heegsma Reitsma aktyf as bestjoerslid en fêste pianobegelieder fan it koar fan de kantorij fan de Protestantse Gemeente Balk. Dêrneist is sy fan 1998 oant en mei 2013 aktyf west as ferkeapmeiwurkster, bestjoerslid en foarsitter PR en aktiviteitenkommisje fan de Wereldwinkel Gaasterland.

Eaststellingwerf

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

- Meine Jansma (60) út Haule

Sûnt 1980 is Meine Jansma organist en âlderling by de Gereformeerde Kerk Vrijgemaakt yn Haulerwyk. Dat docht hy ek noch hieltyd. Fan 2001 oant en mei 2018 wie Jansma riedslid yn de gemeente Eaststellingwerf foar de ChristenUnie. Sûnt 2007 is Jansma frijwilliger by in evangelyske boekwinkel en frijwilliger by Dorcas.

- Gettje Irene van den Bosch-Wind (77) út Easterwâlde

Frou Van den Bosch-Wind is al sûnt 200 frijwillichster by de Wereldwinkel yn Easterwâlde. Sûnt 2004 is se frijwillichster en lid fan de tsjerkeried fan de Protestantse Gemeente Oosterwolde. Sy wie âlderling, moderamelid en twadde skriba. Tsjintwurdich is sy âlderling mei in bysûndere opdracht. Sy ferlient pastorale soarch yn wen- en soarchsintrum Rikkingahof yn Easterwâlde.

- Jenne Hummel (75) út Haulerwyk

Hear Hummel is de mei-oprjochter en frijwilliger fan it fytsmuseum de Barrel yn Haulerwyk. Ek is hy bestjoerslid, foarsitter en frijwilliger fan de Veteranen Automobielclub Roadstar yn Haulerwyk. Dêrneist hat hy him noch op ferskate mêden ynset foar it doarp.

Flylân

Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:

Sierd Visser (74) fan Flylân

Hear Visser hat mear as 20 jier aktyf west foar de begraffeniskommisje op it eilân. Ek wie hy frijwilliger by museum Tromp's Huys. Dêrneist is hy ponghâlder fan de KNRM en is hy foarsitter west fan Algemeen Belang Vlieland.

Harns

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

- Maurits Obbema (70) út Harns

Maurits Obbema is sûnt 1985 ynfoller fan de FNV Belestingservice. Dat wol sizze dat hy belestingoanjeften foar de FNV leden fersoarget, lykas de oanfragen foar ferskate taslaggen. Ek hat hy ponghâlder west fan buertferiening Koningsbuurt.

- Rein Mulder (55) út Harns

Rein Mulder hat jierrenlang as skipper wurke. Nei syn perioade as pleatsferfangjend skipper, is hy skipper bleaun en hat hy by de SAR wurke.

- Donald Hoffman (67) út Harns

Donald Hoffman is al sûnt de oprjochting belutsen by de Harlinger Mixed Hockey Club. Dêrneist hat hy yn it bestjoer fan Stichting Moderne Architectuur Friesland sitten en is hy de oprjochter fan it Canterbury Festival yn Harns.

- Melle Lourens van der Heide (38) út Harns

Melle Lourens van der Heide sit al sûnt 1999 yn ferskate funksjes by in scoutinggroep. Under syn lieding hat de scoutingôfdieling foar beheinde minsken wer nij ljocht sjoen. Ek is hy belutsen by it oprjochtsjen fan in WhatsApp-groep foar feiligens yn de wyk.

- Jacob Tjeerd (76) en Baukje (77) Kuperus út Winaam

Baukje is al jierrenlang belutsen by it bestjoer fan it doarpsbelang fan Winaam. Se is ek bot belutsen by de rest fan de doarpsaktiviteiten. Sa sit se by de toanielklup en hat sy al jierrenlang in wichtige bydrage oan de deadebetinking op 4 maaie yn it doarp. Lykas Baukje is Jacob Tjeerd ek aktyf yn it doarp. Sa is hy frijwilliger fan it doarpshûs. Earst hat hy meiholpen it te bouwen en no helpt hy mei it te ûnderhâlden. Ek Jacob Tjeerd is frijwilliger yn it doarpsbelang. Sa soarget hy der ek foar dat de flagge by passende gelegenheid wapperet.

It Amelân

Gemeente Ameland dielt dit jier gjin lintsjes út.

It Hearrenfean

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

- Wilhelmina Catharina Gerardine van Heijkop-de Bijl (66) fan It Hearrenfean

Frou Van Heijkop-de Bijl hat by ferskate ynstânsjes frijwilligster west, lykas it KWF op It Hearrenfean en de Wereldwinkel Heerenveen. Ek is sy bestjoerslid fan it CDA op It Hearrenfean en riedslid fan de gemeente foar dy partij en hat se har ynset foar de Protestantse Gemeente Burum/Mennekezijl/Warfstermolen.

Ljouwert

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

- Johannes Groenewoud (81) út Stiens

Johannes Groenewoud hat fanwegen syn kennis fan finânsjes by protte ynstânsjes en organisaasjes fan grutte stipe west. Sa hat hy aktyf west by de Protestantse Gemeente Stiens, wie hy finansjeel adviseur fan de boukommisje fan de basisskoalle yn Stiens en is hy ponghâlder by de folkstúnferiening fan Stiens.

- Willem Warning (71) út Ljouwert

Willem Warning is is al sa'n 40 jier as frijwilliger aktyf by ferskate omroporganisaasjes. Hy is begûn by de Friese Ziekenomroep en hat dêrnei wurksum west by de Leeuwarder Omroep Mercurius. Ek by Omroep LEO hat hy fan grutte wearde west: hy hat holpen mei it bouwen fan studio's en de fierdere ynnovaasjes.

- Elsiena Berendina Warning-Liemburg (70) út Ljouwert

Frou Warning is lykas har man Willem al 40 jier aktyf by de radio. Sy is presintator en begûn by de Friese Ziekenomroep. By Omroep Mercurius en Omroep LEO presintearret frou Warning-Liemburg meastentiids fersykplateprogramma's mei kristlike eftergrûn. Ek is sy frijwillichster by de Vrije Evangelische Gemeente Leeuwarden.

- Jacob Klaas Sikkema (69) út Jirnsum

Hear Sikkema is frijwilliger by it pleatslik belang Jirnsum. Hy is as fideograaf belutsen by ferskate doarpsaktiviteiten. Ek hat hy in grut diel fan de skiednis fan de ôfrûne tsientallen jierren fêstlein. Ek is hy belutsen by ferskate ferieningen yn it doarp, lykas de fuotbalferiening. Ek is hy mei-oprjochter fan Stichting ALS Friesland.

- Joost Sjoerd Zoethout (70) út Stiens

Zoethout is jierrenlang frijwilliger west by de Protestantse Gemeente Stiens wêr't hy ferskate funksjes wêrûnder dy fan foarsitter beklaaide. Ek wie hy mei ferantwurdlik foar de restauraasje fan de tsjerketoer troch in jildsammelingsaksje op tou te setten. Zoethout wie by ferskate stichtingen belutsen, lykas Stichting Stadsherstel Hindeloopen.

- Margaretha Pater-Smit (89) út Ljouwert

Frou Pater-Smit is rom 42 jier aktyf as frijwillichster by de buert- en boarterstúnferiening Insulinde. Sy begûn as begeliedster fan de pjutterboartersseal en hat ferskate aktiviteiten lykas Sinteklaas organisearre foar de bern. Ek is sy frijwillichster by de fûgelwacht fan Ljouwert.

- Jinke Lyklema-van Weringh (72) út Lekkum

Al sûnt ein jierren '80 fan de foarige iuw is Lyklema-van Weringh aktyf by it tsjerkewurk yn de gemeente Ljouwert. Sy wie lieder fan de sneinsskoalle en dirigint by de kantorij fan de protestantse gemeente Lekkum. Letter wie sy lid fan de liturgykommisje. Ek is sy mantelsoarger west foar har buorlju en hat sy yn de de doarpstún fan Snakkerbuorren de roazen fersoarge.

Noardeast-Fryslân

Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:

- Hendrika Boersma (84) út Dokkum

Frou Boersma wie jierrenlang sekretaresse fan de ôfdieling Noordoost Friesland van de Koninklijke Maatschappij en Plantkunde. Sy fersoarge ferslaglizzing en útnoegingen foar bestjoersgearkomsten. Ek wie sy jierrenlang sekretaresse fan de ôfdieling Noordoos Friesland fan it Rode Kruis. Sûnt 1985 is sy aktyf foar de Landelijke Organisatie voor Kantkunst.

- Dirk Buursma (57) út Ferwert

Sûnt 1989 is hear Buursma ponghâlder/tsjerkerentmaster by de Protestantse gemeente Ferwert. Hy fersoarget ûnder oaren de finansjele administraasje, oranisearret de jierlikse aksje Kerkbalans en stelt de jierrekken en de begrutting op. Ek wie hy earder ponghâlder en bestjoerslid fan it PCBO Ferwerderadiel.

- Ietje Groenewold-Dijkstra (80) út Easternijtsjerk

Frou Groenewold-Dijkstra wie yn de jierren '70 fjouwer jier foarsitter fan it koar 'Sjong de Heare'. Frou Groenewold-Dijkstra is lykwols al sûnt 1956 lid fan it koar. Sy hat ek jierrenlang ferskate frijwilligersfunksjes hân binnen de Protestantse Gemeente Oosternijkerk.

- Albertus Johannes Folbert (67) út Ternaard

Hear Folbert wie mear as 20 jier foarsitter fan de fuotbalferiening yn Ternaad. Dêrneist wie hy ek aktyf as skiedsrjochter en ôffeardige faor de KNVB. Folbert is noch altyd sekretaris fan de KVNB-ôfdieling yn Fryslân. Ek wie Folbert aktyf as Bondsraadslid fan de ANWB.

- Ale Hansma (71) út Ee

Sûnt 1971 is hear Hansma aktyf foar toanielferiening 'De Fodkoer'. Hy is akteur en dekôrbouwer. Ek wie Hansma earder aktyf by de Protestantse Gemeente Ee, Eastrum en Jouswier. Foarhinne wie dit de Gereformeerde Kerk Ee. Hansma wie ek lid fan it skoallebestjoer as ponghâlder en skoallepleinkommisjelid.

- Frederik Jan Jansen (74) út Hallum

Hear Jansen is sûnt 1996 aktyf foar de Bartlehiem Skeelertocht. Hy wie dêr oant 2000 frijwilliger en ferkearsregelder. Sûnt 2000 is Jansen ponghâlder fan de feriening. Ek is hy frijwilliger foar Veilig Verkeer Nederland/Chauffeursvereniging Fryslân.

- Gerda Grietje Vis-van der Laan (64) út Dokkum

Frou Vis-van der Laan is jierrenlang aktyf west as bestjoerslid fan de Stichting Dokkumer Stadsfeesten. Sy wie ûnder oaren ferantwurdlik foar de organisaasje fan alle feesten rûnom Kenninginnedei en Befrijingsdei. Ek is sy aktyf binnen Teäter de IJsherberg.

- Jeltje Rigtje Wiesrsma (69) út Ferwert

Frou Wiersma is al jierrenlang aktyf op it mêd fan muzyk en tsjerklik libben. Sy wie sa'n 10 jier lan organiste fan de Hervormde Gemeente Vrouwenparochie-Oudebiltzijl. Ek wie sy organiste fan de Hervormde Gemeente Dokkum. Ek wie sy aktyf yn de begelieidng op piano foar jonge koperblazers, ûnder oaren by it HAFABRA solistekonkours.

Opsterlân

De gemeente Opsterlân dielt dit jier gjin lintsjes út.

Skiermûntseach

De gemeente Skiermûntseach dielt dit jier gjin lintsjes út.

Skylge

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

- Trini Martens-Smit (80) út Landerum

Frou Martens-Smit wurdt ûnderskieden foar har jierrenlange ynset foar de tsjerke en it ferieningslibben.

Smellingerlân

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

- Christinus Jacobus Paulina Derks (72) út Drachten

Hear Derks is jierrenlang lid west fan ferskate stichtingen en clubs. Sa is hy foarsitter west fan de Drachtster Zwem- en Poloclub en Stichting Sporthallen WRZV Zwolle wêrmei't hy de hallen fan de WRZV beskikber stelde as ûnderdak foar dak en thúsleazen. Ek wie Derks lid fan de Ried fan Kommissarissen fan Zorgmaatwerk.

- Jeltje Berends-Bremer (75) út Drachten

Frou Berends-Bremer is frijwilligster by de Protestantse Gemeente Drachten. Sy is kontaktpersoan, âlderling en lid fan de evangelisatiecommissie. Ek is sy frijwilligster by Trefpunt@Holdert yn Drachten. Sy is dêr gastfrou en helpt mei it serveren fan mielen.

- Eesge Romke Popma (65) út Drachten

Hear Popma is dirigint en muzykaal lieder fan Shantykoor De Peijesjongers. Sûnder muzykale oplieding is Popma fan de oprjochting fan it koar ôf dirigint fan it koar.

- IJsbrand Klaas Dijkstra (83) út Drachten

Hear Dijkstra is jierrenlang ponghâlder west fan de muzykskoalle yn Borne. Ek hat hy bestjoerslid en ponghâlder west fan VVV Borne. Ek wie er foarsitter fan Stichting Welzijn Ouderen Borne.

- Lolkje de Vegt-Veenstra (80) út Drachten

Frou De Vegt-Veenstra is al sa'n 13 jier frijwilligster by De Zonnebloem, ôfdieling Drachten. Se is begelieder fan in grut tal aktiviteiten. Ek is se frijwilligster fan de protestantse gemeente de Oase yn Drachten.

- Lucas Dries (55) út Drachten

Hear Dries is jierrenlang bestjoerslid west fan sportstifting Dol Fijn út Drachten. Dizze sportstifting organisearret aktiviteiten foar minsken mei in ferstanlike en lichamelike beheining. Ek set hy him yn om learlingen fan it spesjaal ûnderwiis oan it sporten te krijen.

- Sietske Veld-Veenstra (76) út Drachten

Frou Veld-Veenstra is jierrenlang frijwilligster by Nei Bertilla yn Drachten. Ek is se lid fan de wurkgroep 'Vrienden van Bertilla'. Dizze wurkgroep set har yn om it wenkomfort yn Nei Bertilla te ferbetterjen.

- Anita Julliena Tolman-van der Molen (57) út Drachten

Frou Tolman-van der Molen is al jierrenlang aktyf as frijwilligster by Voortgezet Speciaal Onderwijs Talryk yn Drachten. Se swimt mei dreech learende bern fan de skoalle en docht sa no en dan wat kluskes der by. Ek is sy sekretaris fan de WMO adviesraad Smallingerland.

Súdwest-Fryslân

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

- Auke Buren (69) út Warkum

Hear Buren wie tsien jier bestjoerslid en sekretaris fan de Nederlandse Volleybal Bond. Ek wie hy by it follybal yn Warkum as skiedsrjochter belutsen. Hy wie bestjoerslid fan de keatsferiening yn Warkum en ponghâlder en manager fan sporthal De Rolpeal yn Warkum. Ek wurke hy as balymeiwurker by it VVV.

- Jan Douma (72) út Toppenhuzen

Jan Douma wie trije jier foarsitter fan it shantykoar fan Top en Twel. Hy is fan 1990 ôf lid en frijwilliger fan de fiskerijkommisje fan de Interkerkelijke Stichting Ethiopië/Eritrea. Oant 1993 waarden ûnder syn lieding boaten yn Etiopië boud.

- Saskia Eringa-Rijpma (55) út Wommels

Frou Eringa-Rijpma hat jierrenlang frijwilliger west by de keatsferiening Kûbaard, de Krystkommisje en de Spulwike, de jierlikse wike foar spultsjes foar bern út de eardere gemeente Littenseradiel. Ek hat sy ponghâlder west fan it skoallebestjoer fan de skoalle yn Kûbaard.

- Geertje Kuiper-Bergsma (82) út Snits

Frou Kuiper-Bergsma is jierrenlang âlderling west by de protestantske tsjerke yn Snits en sy is fan 2006 ôf lektor by de PKN-gemeente yn Snits. Ek is sy gastfrou by de Martinitsjerke fan de stêd. Dêrneist hat sy 8 jier frijwilliger fan de Voedselbank Sneek-Wymbritseradiel west.

- Petronelle Siebrigje Popma-Hoekstra (71) út Blauhús

Frou Popma-Hoekstra hat al hast 30 jier foar de apoteek fan Boalsert in medisinepot oan hûs en bringt wêr nedich ek medikaasje by minsken út it doarp thús. Sy hat jierrenlang mantelsoarch ferliend oant famylje en wurksum west as frijwilliger yn fersoargingshûs Teatskehûs fan Blauhús.

- Sjirk Antonius Rolsma (69) út Makkum

Hear Rolsma út Makkum hat jierrenlang ferskate funksjes by de fuotbalferiening fan Makkum hân. Sa is hy jeugdtrainer, wedstriidsekretaris, lid fan it jeugdbestjoer en trainer fan it earste alvetal west. Ek hat hy karmaster fan de haadklassepartij keatsen west by de Makkumer Merke en oare ferskate funksjes binnen de keatsferiening.

- Jacob Roorda (74) út Wytmarsum

Hear Roorda hat 15 jier ponghâlder en foarsitter fan personielsferiening Amusement Vereniging Rijks Ambtenaren west. Hy is fan 1985 ôf bestjoerslid en foarsitter fan de Post Actieve Duone en sûnt 2008 wykhear en âlderling by de PKN gemeente Wytmarsum, Pingjum en Surch.

- Theunis Kuindert Ruis (66) út Snits

Hear Ruis hat ferskate funksjes by Vereniging Oranje Sneek hân. Sa is hy mei-organisator fan de lustrumfieringen fan de Nationale Bevrijdingsdagen en bestjoerslid en mei-organisator fan de festiviteiten rûnom de jierlikse Keningsdei. Ek hat hy de badmintonklup fan Snits mei-oprjochte en jeugdleden begelaat.

- Grieto Schuster (75) út Snits

Hear Schuster hat jierrenlang frijwilliger west by fuotbalferiening Snits Wyt Swart. Sa hat hy jeugdlieder by de pupillen west, lid fan de jeugdkommisje, foarsitter fan de jeugdkommisje en lieder fan it senioareteam fan de Snitser klup. Ek is hy al jierrenlang aktyf by biljertferiening Cruyce-Broeders út Snits.

- Dirk Eeltje Tamminga (75) en Johanna Tamminga-Kamstra (72) út Makkum

It echtpear Tamminga-Kamstra hat 30 jier lang de organisaasje fan Kerst-Zing-Mee fan Makkum op harren naam. sy binne sûnt 1988 frijwilligers by it fersoargingshûs Avondrust en foarmje de organisaasje fan de moanlikse sjongjûn. Ek hawwe sy jierrenlang frijwilliger fan Stichting Vluchtelingenzorg Wûnseradiel west.

Ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau

- Tjeerd de Boer (79) út Snits

Yn 1970 hat hear De Boer Stichting Croonenburgh Sneek oprjochte wêrnei hy mear as 20 jier foarsitter. Ek wie er foarsitter fan Stichting Vrienden van Drum- en showband Advendo. Dêrneist hat hy jierrenlang frouljufakânsjewiken organisearre foar widdofroulju fan omkommen persoanen út it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. Ek is hy noch argivaris west fan oarlochsgrêven monuminten yn Snits.

- Folkert Sijbrandij (59) út Boalsert

Sijbrandij wie jierrenlang bestjoerslid en foarsitter fan Doarpsbelang Hidaard en mear as 10 jier karmaster by de feekeuring yn Warkum. Ek is hy fan 2007 ôf de 'doarpskaberatier' en skriuwer fan de suksesfolle teäterproduksje 'Elk Sines'. Dêrneist is hy skriuwer en oersetter foar Muzykteäter Drylts.

- Meijert Gerard de Waard (73) út Snits

Hear De Waard is al fan 1975 ôf frijwilliger by Wadloopcentrum Pieterburen. Hy hat dêr ferskate rollen hân, lykas waadringids, opliedingskommisjelid en ponghâlder. Hy wie yn 2017 riedslid fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Dêrneist hat hy noch by ferskate stichtingen wurksum west, lykas Stichting Pronkkeamer, Stichting Neerlands Goed en Stichting Kinderopvang Sneek.

Tytsjerksteradiel

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau

- Willem Fennema (79) út Hurdegaryp

Hear Fennema wie sa'n 25 jier ponghâlder fan de Van Keimpema Stichting, en sûnt 1999 fiert Fennema de folsleine finansjele administraasje fan de Van der Meer-Boerema Stichting. Ek is Fennema belutsen as oprjochter en frijwilliger by Stichting Blessed Generation.

- Trijntje Geertje Hoekstra-Twijnstra (63) út Eastermar

Frou Hoekstra-Twijnstra set har al mear as 30 jier yn as frijwilliger by de PKN-tsjerke fan Eastermar. Sy wie ûnder oaren foarsitter en lette bestjoerslid fan sjongkoar 'Ta Gods Eare', lieder fan jeugdklups, bestjoerslid fan in jonge frouljusgroep, lieder fan de bernetsjinst. Ek is sy foarsitter fan buertferiening It Fjouwerkant yn Eastermar.

- Eeuwe de Vries (74) út Aldtsjerk

Hear De Vries is al jierrenlang frijwillich mûnder op de mûne fan Aldtsjerk. Dizze mûne is yn behear, eigendom en ûnderhâld by it Wetterskip Fryslân. De Vries is ek mei-inistjatyfnimmer fan de lâniisbaan fan de iisbaanferiening fan Aldtsjerk. Ek is hy inisjatyfnimmer fan de hurdfytsgroep Aldtsjerk en omkriten.

- Geertruida Schelhaas-Kraak (78) út Hurdegaryp

Frou Schelhaas-Kraak wie 8 jier lid fan de Adviescommissie Hollandsche Maatschappij van Landbouw yn Den Haach en ek lid fan de Onderwijsraad. Dêrneist hat sy noch by ferskate bestjoeren sitten as ûnder oaren sekretaris by de kristlike basisskoalle.

- Annechiem Buma-Froentjes (75) út Hurdegaryp

Frou Buma-Froentjes hat jierrenlang frijwilliger west by it buerthûs fan Hurdegaryp. Sy organisearre aktiviteiten foar pjutten en helpe mei hûswurkbegelieding. Ek is sy aktyf foar Amnesty International Hurdegaryp as foarsitter en frijwilliger.

Waadhoeke

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

- Akke Goudberg-Hiemstra (79) út Frjentsjer

Frou Goudberg-Hiemstra is al sûnt 1986 aktyf foar de Nationale Vereniging voor Fybromyalgie en Samenleving. Se organisearret tegearre mei in kollega aktiviteiten yn Fryslân, Grinslân en Drinte.

- Lysbeth van der Wal-Tysma (76) út Frjentsjer

Frou Van der Wal-Tysma is sûnt 1965 lid fan it yntertsjerklik koar 'God is mijn Lied'. Yn 1985 waard sy oant en mei 2013 foarsitter. Ek is sy aktyf by de Martinitsjerke fan Frjentsjer as frijwillichster. Sy is gastfrou en jout rûnliedingen troch de tsjerke.

- Martha Burggraaff-Wondaal (65) út Frjentsjer

Frou Burggraaff-Wondaal hat jierrenlang bestjoerslid west fan de Christelijke Muziekvereniging Advendo yn Frjentsjer. Sy wie ek bestjoerslid fan Protestants Christelijk Basisonderwijs Franekeradeel. Sy stimulearre yn dy jierren sân skoallebestjoeren. Sûnt 2009 is frou Burggraaff-Wondaal diaken fan de PKN yn Frjentsjer.

Ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau:

- Rinze Johannes Kooistra (64) út Sint-Anne

Hear Kooistra hat ferskate funksjes binnen de toanielferiening fan De Oasthoek en De Westhoek ferfolle. Hy wie ûnder oaren akteur en ferantwurdlik foar de kommunikaasje en publisiteit. Ek hat hy jierrenlang frijwilliger west foar Stichting Sinterklaassprookje út Sint-Anne. Kooistra hat ek jierrenlang de direkteur fan de basisskoalle west.

Heechste ûnderskieding foar Fries om utens

Ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau:

- Prof. dr. Linda Steg (54), berne yn Ravenswâld

Yn Grins is Fries om utens prof. dr. Linda Steg ûnderskieden ta ridder in de oarder fan de Nederlânske Liuw. Dit is de heechste ûnderskieding foar boargers. Steg is berne yn Ravenswâld yn Eaststellingwerf. Se is heechlearear Omgevingspsychologie oan de RUG en jildt ynternasjonaal as ien fan de meast foaroansteande eksperts op har fakgebied. De ôfrûne 25 jier hat Steg har ekspertizegebiet tapast op ien fan de meast urginte maatskiplike fraachstikken fan dizze tiid: enerzjytransysje en klimaatferoaring. Sa hat se ûndersocht hoe't we milieubewust gedrach beynfloedzje en begripe kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)