Ald-boargemaster Gerbrandy riddere op it Provinsjehûs

26 apr 2019 - 12:02

Ald-boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen is beneamd ta ridder yn 'e oarder fan Oranje-Nassau. Hy krige de fersiersels freedtemoarn opspjelde troch kommissaris fan de Kening Arno Brok, op it Provinsjehûs yn Ljouwert.

Gerben Gerbrandy krige de ûnderskieding foar syn jierrenlange ynset mei grutte maatskiplike betsjutting foar de Fryske taal en foar syn wurk as frijwilliger. Op dit stuit is hy noch dwaande foar de Freonen fan Fossylfrij Fryslân.

Politike karriêre

Hy wie oant syn pensjoen begjin fan dit jier seis jier boargemaster fan Achtkarspelen. Dêrfoar wie er twa jier riedslid fan Súdwest-Fryslân en tolve jier wethâlder fan de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Gerben Gerbrandy

(advertinsje)
(advertinsje)