Minder lintsjes yn Fryslân útrikt as ferline jier

26 apr 2019 - 12:01

By de lintsjesrein fan dit jier krigen 72 minsken yn Fryslân freedtemoarn in lintsje opspjelde. Dat binne der 10 minder as ferline jier. In oersjoch fan alle feitsjes.

Foto: ANP

Fan de dekorearren meie 6 minsken har tenei ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau neame. Under harren is âld-boargemaster fan Achtkarspelen Gerben Gerbrandy. Alle oaren krigen de keninklike ûnderskieding lid yn de oarder fan Oranje-Nassau.

Mear manlju as froulju

De measte minsken dy't in lintsje krigen, binne manlju. Fan de 72 lintsjes giene der 40 nei in man en 32 nei in frou. Allinnich manlju waarden riddere. Oan 10 minsken waard as pear in lintsje útrikt. Sy ha harren faak jierren tegearre ynset mei frijwilligerswurk of foar tsjerke.

De jongste

De measten ha harren dus faak al in hiel skoft ynset foar in goed doel, mar dit jier is der ek immen dy't relatyf jong is. Dit is Melle Lourens van der Heide fan Harns, hy is pas 38. De earstfolgjende op de list is 17 jier âlder as him. Van der Heide krige syn lintsje ûnder oare foar syn belutsenheid by de scouting en foar syn wurk as producer en regisseur by it muzykevenemint Proms. Hy is beneamd ta lid yn de oarder fan Oranje-Nassau.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

De âldste

De âldste dekorearre is Jan Stienstra út Buitenpost. Hy is 86 jier en krige syn lintsje om't er al jierren de minsken yn syn buert stipet, sawol as helpkoster as mei alderhande putsjes. Sûnt 2008 wennet er yn soarchsintrum Haersmahiem en ek dêr stiet er syn mei-bewenners by. Boppedat sit er yn de kliïnteried fan it soarchsintrum.

Jan Stienstra (86) - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De measte en de minste lintsjes

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân waarden de measte lintsjes útdield, mar leafst 15. Fan de riddere minsken wenje 4 fan de 6 yn dy gemeente. Yn de gemeenten Skiermûntseach, Opsterlân, Amelân en Weststellingwerf waarden dit jier gjin lintsjes útrikt. Yn Hearrenfean, dochs in aardich grutte gemeente, krige mar ien persoan in lintsje: frou Van Heijkop waard lid yn de oarder fan Oranje-Nassau foar ûnder oare har ferskate frijwilligerswurksumheden.

Wat hat der in lintsje krigen yn dyn gemeente? Sjoch hjir foar in kompleet oersjoch.

(advertinsje)
(advertinsje)