Tennisser Sander Arends nei finale challenger Nanchang

26 apr 2019 - 10:53

De Ljouwerter tennisser Sander Arends stiet mei syn dûbeldmaat Tristan-Samuel Weissborn yn de finale fan it challengertoernoai yn it Sineeske Nanchang. Yn de heale finale wie it twatal yn twa sets mei 6-4 en 6-2 te sterk foar de Nederlânske David Pel en Hans Podlipik-Castillo.

Foto: Orange Pictures

Yn de finale yn Nanchang treffe Arends en syn maat Weissborn Alex Bolt en Akira Santillan. Dat twatal wie yn in supertiebreak te sterk foar Max Purcell en Luke Saville.

De finale wurdt sneontemiddei spile.

Azië

It is it tredde toernoai dat Arends en Weissborn dizze moanne yn Azië spylje. Yn Taiwan hellen se twa wiken lyn de finale, ferline wike waarden se yn de heale finale fan Anning útskeakele.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis Nanchang
(advertinsje)
(advertinsje)