Skûtsjemuseum yn Earnewâld kin útwreidzje fanwegen priis

26 apr 2019 - 10:33

It Skûtsjemuseum yn Earnewâld kin útwreidzje troch de priis dy't it museum mei it stik 'Myn Skip' wûn hat. Der komt, as der genôch fûnsen en sponsoaren meiwurkje, in filmromte en in romte om putsjes te dwaan.

Foto: Skûtsjemuseum Earnewâld

It museum krijt as priis 2.500 euro. Dêrmei wolle se yn Earnewâld it museum fjouwer meter útwreidzje, sadat de frijwilligers ek wat mear romte krije. Der moat noch wol wat barre, om't it neffens it bestjoer in 'finansjeel yngripend projekt' is.

Teäterstik 'Myn Skip' waard ôfrûne jier yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 opfierd. Age Veldboom en Cathrienus Herrema namen it inisjatyf en it stik hat úteinlik in soad opsmiten foar it museum.

Inisjatyfnimmer Age Veldboom

Trefwurden: 
Earnewâld skûtsjemuseum
(Advertinsje)
(Advertinsje)