Kollum: "Spekfet en sellulitis"

"Moade is net oan my bestege. Ik sit wolris yn ien of oare wachtkeamer yn sa'n moadeblêd te strunen, mar ik sjoch it it nut fan sa'n reportaazje mei dy aparte djoere klean net yn. En meastal binne de modellen te meager, sjogge se segrinich en steane se slongelich op de foto.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Ik ha ek wolris lêzen dat moade-ûntwerpers fine dat de Nederlânske froulju der net modieus en stylfol genôch útsjogge. Dat begryp ik wol, want de helte fan 'e tiid moatte wy troch waar en wyn. Bêst leuk, in jurkje en in hakje mar net as it in heale stoarm waait en hûnehokken reint.
Wy binne hjir mear fan it praktyske en lekker waarm. Yn ús klimaat hast de minste drokte mei in natoerlike look en dat fyn ik no krekt hiel moai. Ik sjoch leaver in frommes mei sûne reade wangen en ferwaaid hier yn in waarme breidene trui as sa'n hittepetit mei tefolle make-up yn in te koart rokje op hakken dêr't se eins net op rinne kin.
Ik rin der meastal by as in boerinne, yn myn âlde hynstejas. Soks kin hjir gewoan want yn Warten wenje mear boeren as moade-ûntwerpers. As it moai waar wurdt dan wol ik noch wolris in rok of jurkje oandwaan. Dochs hâld ik wol rekken mei myn âldens en de kilo's, dy't op 't heden nochal hinne en wer skommelje yn ferbân mei dyselde âldens.
Ik keapje leaver in maat te grut as te lyts en gean de dyk net mear út yn in minyrokje. Hege hakken wurdt him ek net mear mei myn steunsoallen. Dus alhoewol 't ik neat mei moade ha, kin ik my der op in bepaalde manier wol drok om meitsje, ek om in oar. It is in nuver trekje en eins wol ik net oardielje, mar dat slagget dus net altyd.
Sa as it ôfrûne simmerske peaskewykein doe't ik sneons te boadskipjen wie. Want der binne dochs werklik wier altyd froulju dy't mei de earste sinnestrielen miene dat se dan ek fuort alles mar sjen litte moatte. In wyt koart broekje is bêst leuk foar in famke mei in ien foar de seis, mar net mear as der in nul achter de seis stiet en de skonken de bêste tiid hân ha.
Myn eagen waarden yn 'e supermerk traktearre op in pear wite billen dy't de slachter net iens yn 'e fitrine ha woe. En der wie ek in frommes dy't it dekolletee fan har shirt sawat oant de nâle ta hie, mei dêrûnder sa'n toutsje BH. De hiele hannel wie yn 'e útferkeap en doe't se op 'e fyts stapte yn har te koarte spikerrokje koest de poes hast fytsen sjen.
Mei moai waar is alles blykber tastien, mar ik fûn ynienen it idee fan dat halalstrân net iens sa raar. Guon froulju kinne wat dat oanbelanget better noch in boerka oanlûke as in koart broekje of rokje want wy as taskôgers hawwe der mear fan te lijen as harren sels. It is prachtich dat we yn in lân libje dêr't alles kin en mei, mar om my meie guon froulju wol wat mear klean oanlûke as it waarm wurdt.
En wylst ik dat betocht, frege ik my ôf oft ik no echt âld wurdt want it is bêst wol bekrompen, dochs, ast sa tinkst. Mar oan 'e oare kant; ik wol gewoan leaver net konfrontearre wurde mei koarte broeken dy't tagelyk mei de string folslein ferdwine yn al dat geweld fan wyt spekfet en sellulitis. Dan ha 'k leaver in segrinich model yn sa'n blêd want dy rint teminsten net foar dy út troch de supermerk."