"Literatuer Miedema noch hieltyd aktueel, mar te min omtinken op skoallen"

26 apr 2019 - 07:09

"Wy hawwe yn ús provinsje gjin ûnderwiissysteem dat de Fryske literatuer aktueel hâldt." Dat seit direkteur Bert Looper fan histoarysk sintrum Tresoar, as reaksje op it ferstjerren fan de Fryske skriuwer en keunstner Hessel Miedema. Yn de âldens fan 90 jier ferstoar Miedema, eartiids ek direkteur fan keramykmuseum Princessehof, resintlik yn Amsterdam.

Foto: Tresoar

Looper neamt Miedema wichtich foar de Fryske literatuer. "Hy wie foar syn tiid, sa nei de Twadde Wrâldoarloch, tige foarútstribjend. Miedema hat der mei foar soarge dat literatuer, keunst en muzyk, alle dissiplinen, mei-inoar ferbûn waarden. Hy wie dichter en ek hiel eksperiminteel."

Te min omtinken

Hoewol't Hessel Miedema in soad betsjut hat foar de Fryske literatuer, binne der net in soad minsken dy't him hjoed-de-dei noch kenne. Dat hat neffens Looper benammen te krijen mei te min omtinken foar dizze literatuer op skoallen.

"It materiaal is wol beskikber, mar it wurdt net in soad brûkt", fertelt er. "Wy binne hiel grutsk op ús ferline, mar it literêre erfgoed hinget der mar wat by. En dat wylst it wurk fan bygelyks Miedema noch hieltyd hiel aktueel is!"

Breuk mei Fryslân

Yn 1963 bruts Hessel Miedema definityf mei Fryslân. Hy ferhuze nei Amsterdam en stoarte him dêrnei benammen op de keunstskiednis.

Direkteur Bert Looper fan Tresoar fertelt oer Hessel Miedema

(Advertinsje)
(Advertinsje)