Ljouwerter (43) komt nettsjinsteande hoarekaferbod dochs wer yn 'e kroech

In 43-jierrige man is tongersdeitenacht yn de Oude Doelesteeg yn Ljouwert betrape op it oertrêdzjen fan it hoarekaferbod dat er oplein krigen hie.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Dat ferbod wie yn prinsipe foar in jier, mar dêr komme no nochris fiif jier by, sa meldt de plysje. Doe't de Ljouwerter dêrnei ynsletten waard, misledige er de plysjes. De 43-jierrige man sil heard wurde.