Sybrand Buma tipt as nije boargemaster fan Ljouwert

26 apr 2019 - 06:14

CDA-lieder Sybrand Buma wurdt tipt as nije boargemaster fan Ljouwert. Dat skriuwt De Telegraaf. Buma en syn wurdfierder woene net reagearje op fragen fan de krante oer in mooglike sollisitaasje. Wol sei Buma dat hy neat ûntkent.

Foto: ANP

Der is binnen de fraksje nei oanlieding fan de fragen op heech nivo oerlein, mar in mooglik fuortgean fan Buma nei Ljouwert wurdt op it Binnenhof net as in ferrassing sjoen.

As Buma it wurdt, dan folget hy syn heit op. Dy wie ûnder mear boargemaster fan Warkum en Snits. Ek de pake fan de CDA-lieder wie aktyf as boargemaster fan Starum en Wymbritseradiel.

Crone nei Earste Keamer

Sollisitaasjes foar de boargemasterspost moasten foar 11 maart binnen wêze. De posysje komt frij no't boargemaster Ferd Crone fan de PvdA yn de Earste Keamer komt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)