Forward Trevor Petersen nije ymport-spiler UNIS Flyers, Nordemann bliuwt

26 apr 2019 - 06:01

UNIS Flyers hat in nije spiler oanlutsen foar takom seizoen. Trevor Petersen komt nei de iishockeyklup fan It Hearrenfean. De 24-jierrige Kanadees spile it ôfrûne seizoen yn Frankryk by Brest Albatros. Dêrnjonken hat Jasper Nordemann syn kontrakt ferlinge.

Jasper Nordemann - Foto: www.orange-pictures.nl

Petersen is in forward en kin spylje as leftwing en as center. Hy spile fjouwer jier lang op it heechste universiteitsnivo yn Kanada by York University. Mei Brest Albatros waard er earste op it twadde nivo yn Frankryk. Petersen nimt it saneamde 'ymport-plak' yn. "Met Trevor erbij willen we gemakkelijker tot scoren komen", fertelt trainer Mike Nason. "In grote wedstrijden hadden we moeite om goals te maken. Trevor scoort gemakkelijk en is een afmaker voor de goal."

In oare oanfaller, de 22-jierrige Jasper Nordemann, bliuwt langer by de Flyers. Yn 46 wedstriden skoarde de Amsterdammer 20 goals en hie er 19 assists. Nason is der wiis mei dat Nordemann bliuwt. "Hij heeft een geweldig seizoen achter de rug", fertelt Nason. "Eigenlijk heeft hij ons positief verrast. Jasper heeft zich enorm ontwikkeld als speler in zijn eerste Flyers-seizoen. Hij is bereid om alles te geven."

Ratchford fuort

Om't Petersen ien fan de twa 'ymport-plakken' ynnimt by de Flyers (Adam Bezak is de oare), moatte de Flyers ôfskied nimme fan Todd Ratchford. Hy wie ferline seizoen ien fan de bettere ferdigeners by de Flyers. Hy krige sels de priis 'Best Defense'.

(advertinsje)
(advertinsje)