Diere-ambulânse Seisbierrum siket help

Diere-ambulânse De Waadhoeke yn Seisbierrum siket help foar de reparaasje fan de auto en foar it opsetten fan in itensbank foar bisten. De eigeners fan de ambulânse, dy't sûnt in jier foar harsels begûn binne, krigen dizze wike te meitsjen mei pech doe't de koppeling fan de auto it bejoech.
© Dierenambulance Sexbierum
It jild foar de reparaasje, sa'n 650 euro, hawwe se net. Se binne dêrom mei in publyksaksje úteinset om dêr jild foar binnen te heljen. Fierders hoopje se mei de bydragen in itensbank foar bisten op te setten foar minsken dy't net genôch jild hawwe om harren bisten te ûnderhâlden.
Richard Bijman fan de diere-ambulânse oer dat er help nedich hat
De earste help kaam tongersdeitemiddei al doe't ien fan de kliïnten oanbea de auto te meitsjen. Bijman is tige bliid mei it oanbod. Jild foar iten foar de bisten of oare jeften binne noch altyd tige wolkom.
Richard Bijman: de earste help is al binnen