Oesters útset op sonken skipswrak benoarden It Amelân

25 apr 2019 - 22:32

In dûkteam hat tongersdei op in wrak op de seeboaiem boppe It Amelân oesters útset. Dat barde yn gearwurking mei it Wereld Natuur Fonds. Dy wol de oesterbanken weromkrije yn de Noardsee.

Foto: -

Oan ein njoggentjinde iuw ta bestie in tredde part fan de Noardseeboaiem út oesterbanken. Troch oerbefisking en sykten binne de oesters ferdwûn. Neffens it Wereld natuur Fonds binne oesterbanken goed foar it bioferskaat en de wetterkwaliteit yn de Noardsee. Se binne kreamkeamers foar oare bistesoarten, dy't op har beurt wer fretten binne foar oare bisten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)