Funksje-eask fersetsmuseum: blokkearfriezen begripe wolle en museaal presintearje kinne

25 apr 2019 - 22:18

In bysûndere funksje-eask foar de nije konservator fan it Fries Verzetsmuseum yn Ljouwert. Njonken kompetinsjes lykas kennis fan de skiednis fan Nederlân yn de 20e en 21e iuw en in soad kennis fan de Twadde Wrâldoarloch en wurkûnderfining, giet it museum derfan út dat de takomstige konservator de 'blokkearfriezen begripe wol en harren posysje yn in oansprekkende en begryplike taal museaal presintearje kin'.

Foto: Fries Verzetsmuseum

Yn de faktuere wurdt oanjûn dat it Fries Museum en it Fries Verzetsmuseum harren posysje en kolleksjes yn de mienskip fersterkje wolle. Benammen gearwurking en ferbannen mei organisaasjes lizze op it wurkterrein fan it fersetsmusuem. It binne spearpunten foar it jier 2020. Dan wurdt der yn in tentoanstelling bysûnder omtinken jûn oan de betinking fan 75 jier frijheid nei de Twadde Wrâldoarloch. Yn 2023 sil der in folslein aktualisearre semy-permaninte ynrjochting fan it museum realisearre wêze.

Je bent zeer geïnteresseerd in culturele en maatschappelijke ontwikkelingen, zeker ook waar die flink schuren, en kunt daar aansprekend over spreken en schrijven. Voor jou is het bijvoorbeeld vanzelfsprekend om de blokkeerfriezen te willen begrijpen en hun positie in een aansprekende en begrijpelijke context museaal te kunnen presenteren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)