Bou multyfunksjoneel sintrum Froubuorren kin trochgean mei gemeentlike jefte

25 apr 2019 - 21:20

Froubuorren kriget definityf in nij multyfunksjoneel sintrum. De ried fan de gemeente Waadhoeke is woansdeitejûn akkoart gien mei it foarstel in liening fan 75.000 euro om te setten yn in jefte.

Foto: Google Maps

De gemeente It Bilt hie earder al in subsydzje fan 300.000 euro beskikber steld foar de bou fan in nij sintrum. Der wie in oanfraach dien foar 400.000 euro, mar de gemeentlike bydrage foel in ton leger út en dus moasten de bouplannen fersobere wurde.

Boppe-op dy trije ton joech de doetiidske gemeente ek noch in liening. Dêrmei soene de boukosten dutsen wurde kinne. Mar de boukosten binne yn de tuskentiid bot omheechgien en in liening is net mear genôch om de bou te bekostigjen. No't de liening omset is yn in jefte kin de bou fan it nije sintrum yn Froubuorren dit jier wol úteinsette.

Yn it MFC komme aanst alle sosjale, kulturele en sportive aktiviteiten fan it doarp yn ien gebou.

(advertinsje)
(advertinsje)