Keunstner O.C. Hooymeijer komt mei twadde boek oer net besteande fûgels

25 apr 2019 - 20:58

As jo goed mei de eagen knipe en genôch fantasije hawwe, kinne jo se sjen: de snot, de Duitse reiger en de schemeraar. It binne trije seldsume fûgels dy't sa seldsum binne, dat se net iens bestean. Betocht troch keunstner O.C. Hooymeijer, de man achter tûzenen fûgels dyt't allinnich yn syn wrâld foarkomme. Freed ferskynt syn twadde boek: De nieuwe gids voor niet-bestaande vogels van Europa, mei fyftich nije fûgels.

Nei it earste boek De kleine gids voor de niet-bestaande vogels van Europa, komt keunstner, of sa't er it sels neamt, 'fersinner', O.C. Hooymeijer mei De nieuwe gids voor de niet-bestaande vogels van Europa. Hooymeijer is fierder op syk gien nei net-besteande fûgels. Hy fertelt dat er fiere reizen makke hat en dat er hast fyftich nije fûgels ûntdutsen hat. Nij oan it twadde boek is dat der ek resepten yn opnaam binne. Foar de 'Recepten met niet-bestaande vogels', hat Hooymeijer nei eigen sizzen in soad kulinêre spesjalisten om rie frege.

Natuerskriuwer Koos Dijksterhuis sil freed yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert it earste eksimplaar fan De nieuwe gids voor de niet-bestaande vogels van Europa yn ûntfangst nimme.

O. C. Hooymeijer oer syn nije netbesteandefûgelsgids

Napolitaan

Hy fynt it dreech in kar te meitsjen út syn fyftich sabeare 'gevederde vrienden', mar as it echt moat, dan kiest Hooymeijer foar de napolitaan. Ien fan de kleurrykste net besteande fûgels, seit er. De napolitaan kin geweldich sjonge, fertelt er. En dan ferfolget in anekdoate: Oan 'e ein fan de santiger jierren wie de napolitaan ien fan de populêrste fûgels yn de folkswyk de Jordaan yn Amsterdam. De Jordanezen hiene faak ien yn in koaike yn it finsterbank te stean. Simmerjûns wie it dan in sjongerij fan komsa fan al dy napolitanen.

Parelvissers fan Bizet

Ome Ben út de Leliestrjitte hie in napolitaan dy't Leentje hiet. En Leentje koe de hiele aria fan de Parelvissers fan Bizet meifluitsje. Ja, sels mear as dat: hy koe it stik ek selsstannich fluitsje. En dan fleach er nei de Stadsschouwburg, dêr't er op it balkon sitten gie te fluitsjen. Minsken stiene mei iepen mûlen te harkjen. Dat is samar in foarbyld fan in net besteande fûgel út Hooymeijer syn gids.

Smoarge searjemoardner

De wiere ferhalen oer fûgels binne soms sa apart en absurd dat Hooymeijer by himsels tocht: no kin ik alles wol betinke. Nim no de koekoek. Dat is yn feite in smoarge searjemoardner, fertelt er. De koekoek komt alle jierren werom en dan roppe minsken: Hee, dêr is de koekoek wer. It wurdt simmer. Mar ik flechtsje nei binnen ta, pak in bierke en gean mei in kessen oer de holle op de bank lizzen. Want it is in moardner. Hy leit syn aai yn it nêst fan in lyts fûgeltsje. Dat lytse fûgeltsje briedt dat aai út en dan komt dêr it koekoeksjong út. Minsken wolle it faak net leauwe. en sokke net-te-leauwen-ferhalen binne der folle mear.

Taaltsje fan fûgelgidsen

Hooymeijer wist al in soad oer echte fûgels foar't er oan syn net-besteande-fûgelgidsen begûn. De nije gids is ek skreaun yn it taaltsje fan fûgelleafhawwers, mei bygelyks waarnimmingen en dus ek resepten. En de lûden stean der ek by, fertelt er, en hy docht mei bolderjend lûd de zwartruggluiper nei.

Sjocht er se fleanen?

En as der no minsken binne dy't tinke: hy sjocht se fleanen, dan fynt Hooymeijer dat prima. Hy sjocht se ek wol fleanen, seit er, mar it is doch ek in hiele keunst om al dy fûgels te betinken. Wat derachter sit? No wurdt er hiel serieus. Hy docht it foar de wol besteande fûgels, want der ferdwine hieltyd mear fûgels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)