Maarten van der Weijden makket alve goede doelen bekend foar syn nije alvestêdetocht

25 apr 2019 - 19:47

Maarten van der Weijden hat de alve doelen dêr't er yn juny dit jier syn alvestêdetocht foar swimme sil, bekend makke. De meiswimmers meie sels útmeitsje foar hokker doel oft se jild byinoar swimme wolle. De alve nije doelen dy't Van der Weijden útsocht hat, binne benammen rjochte op werstel of ferlinging fan libben.

Maarten van der Weijden nei syn tocht fan ferline jier - Foto: Omrop Fryslân

"Maar kwaliteit van leven tijdens en na kanker, is ook erg belangrijk voor patiënten. Ook daar wil ik mij graag voor inzetten."

Maarten van der Weijden

Van der Weijden wol mei syn foundation jild besykje byinoar te krijen foar minder belêstende kankerbehannelingen, mar ek foar bygelyks keppelbêden dêr't pasjinten yn de lêste dagen dierberen tichteby harren hawwe kinne.

De alve doelen binne:

1. Tongkanker better fuortsnije

2. Untwikkeling fan breed ynsetbere CAR-T-selterapy

3. Mei in bloedtest it nut fan gemoterapy nei in termkankeroperaasje bepale

4. Wekkere operaasje by kweadaardige harsentumoaren

5. Bettere ymmunoterapy by akute myeloïde leukemy

6. Sterkere ymmunoterapy troch ko-stimulaasje

7. Optimale dosis radionukliden by útsiedde prostaatkanker

8. Ymplemintaasje fan HIPEC by stadium III aaistôkkanker

9. Optimale behanneling bern mei útsiedde kanker

10. Nije terapyen sykje foar rhabdoïde tumoaren mei help fan nij modelsysteem

11. Keppelbêden by palliative soarch

Mear ynformaasje is te finen www.11stedenzwemtocht.nl/projecten/

Dit jier wurdt ek gearwurke mei oare goededoelenorganisaasjes. Sa sil der gearwurke wurde mei KWF, KIKA, Roparun en de Paulien van Deutekom Foundation.

"Geen patiënt heeft er iets aan als we tegenover elkaar gaan staan en elkaar gaan beconcurreren. Laten we elkaar liever versterken en zo mogelijk maken dat we die euro's voor dit belangrijke werk zo snel mogelijk bij elkaar krijgen!"

Maarten van der Weijden
(advertinsje)