Keatsseizoen 2019 set útein: Taeke Triemstra op jacht nei top-trije

25 apr 2019 - 19:08

Mei de 68e edysje fan de Bangmapartij yn Weidum begjint op snein 28 april it keatsseizoen 2019. It is de earste fan trije ôfdielingspartijen dy't op it programma steane dit seizoen. Dêrnjonken fiif troch-elkoar-lotterspartijen en 24 frijeformaasjepartijen. Sportferslachjouwer en keatskenner Geert van Tuinen sjocht foarút op it nije seizoen.

Foto: Henk Bootsma

Fan de trije ôfdielingspartijen is de Bangmapartij de earste. Tsjummearum (Himelfeartsdei) en de Bûnspartij (twadde Pinksterdei) kompletearje de ôfdielingspartijen. Bitgum hie de lêste jierren ek in ôfdielingspartij, mar dat wurdt feroare yn in troch-elkoar-lotterspartij. It keatsferstân komt dêr stadichoan wer werom. Dit seizoen ha we noch net in bettere ferdieling fan troch-elkoar-lotterspartijen en frijeformaasjepartijen. Dy balâns hinget mei mar fiif troch-elkoar-lotterspartijen noch wat skeef, mar dat sil - as alle rankingproblemen oplost wurde - takom jier oars wêze. Dit seizoen stean 24 frijeformaasjepartijen op it programma. Dat binne fansels de meast oansprekkende partijen, mei de PC op 31 july as hichtepunt fan it seizoen.

Hokker partoer sil yn 2019 foar master opslaan? Ik pik der in pear út.

Partoer Van der Bos

Fansels binne de ferwachtingen fan it partoer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra heech. Dat partoer pakte yn 2018 leafst trettjin oerwinningen, mei de opmerking dat Johan van der Meulen yn Menaam keatste foar Gert-Anne. Mar dizze trije keatsers wienen superdominant en dat makket dat de ferwachtingen no ek wer heech binne. We moatte der wol by sizze dat sy op de PC yn de finale sneuvelen (dêroer daliks mear) en dat wie dochs in behoarlike domper.

Mar fierder: Hosanna foar dit partoer. Taeke waard ek noch ris klassemintswinner mei 58 punten. Op nûmer twa einige Tjisse (55) en op nûmer trije Gert-Anne (48 punten). Sa'n klassemint jout presys oan hoe't de kaarten der by leinen yn 2018.

Taeke op jacht nei punten

En no't ik it dochs oer punten haw: dy sille foar Taeke Triemstra swier meiwage dit seizoen. Taeke stiet yn it klassemint fan alle tiden op it stuit op it fiifde plak, mei 738 punten. Fjirde is Sake Saakstra, mei 779 punten. Taeke sil him foarby gean. 32 punten binne foldwaande en dy hellet er grif. En dan komt de top-trije yn byld. Op nûmer trije "Swiep fan Wyb" van Wieren, mei 785 punten. Dus as Taeke wer in seizoen draait lykas yn 2018, dan pakt hy Wyb ek. Dêrfoar hat hy noch 48 punten nedich. It kin!

De fraach by Taeke is wol: Hoe fit is hy? Hy hat de sykte fan Bechterew, mar fûn ferline jier de goeie medisinemiks en wie topfit. Ik gean derfan út dat hy dat dit jier wer is. Taeke libbet foar it keatsen!

Oar punt yn dizze formaasje is: Wat wurdt de rol fan Gert-Anne van der Bos? Syn fleanende opslach is in duchtich wapen, mar ritichheid syn grutste fijân. Ferline jier yn Stiens, doe't it partoer derôf gie, barste de bom yn it partoer. Taeke griep yn, mei as gefolch dat der foar Gert-Anne in byrol oerbleau. Hy begûn meastentiids wol as earste opslagger, mar by twa, trije kear missen fan it perk moast hy de bal oerjaan oan Tjisse. Nochal fernederjend foar in keatser fan syn statuer, mar wol effektyf dus. Ik haw my ferline jier al ris ôffrege hoe lang't Van der Bos 'genoegen' nimme soe mei dy posysje, want hy is bepaald net de persoan foar in byrol! Mar Gert-Anne telde ferline jier syn seinigingen en it prizejild en joech him derby del. Ik bin hiel benijd hoe't dat dit jier gean sil.

Bergsma op it plak fan Kingma

Rûnút teloarstellend fûn ik it optreden fan it partoer Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar ferline jier. De teller bleau stykjen op fjouwer oerwinningen en dat wie te min foar de kwaliteiten dy't yn dit partoer sitte. Enno Kingma waard it slachtoffer fan dizze teloarstelling en moat dit seizoen plak meitsje foar Marten Bergsma. It opslachkanon út Minnertsgea wie oan de ein fan it seizoen 2018 yn bloedfoarm! As hy dat trochlûke kin nei dit jier, dan ferwachtsje ik fan dizze formaasje mear as ferline jier. Ik haw altyd wol wat twivels oer de 'pikorde' yn dit partoer. Fuotbaltrainer Henk de Jong soe sizze dat Hans Wassenaar somtiden 'in rare woartel' is en dêr sit wat yn. Mar as Hans Wassenaar optimaal gebrûk makket fan syn kwaliteiten, dan is it in klasbak. Mar hy moat it no sa stadichoan wol konstanter sjen litte, want je bliuwe net ivich in talint.

Marten Bergsma dus nei Wassenaar en Hiemstra. En dat betsjut foar Enno Kingma ek oare maten. Hy fûn oansluting by Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong. Alle trije jonges fan It Bilt; alle trije mei in eftergrûn dy't lânbourelatearre is. Dúdlik dus: dit partoer neame we De Biltstars.

Plat hie ferline jier oan Marten Bergsma in prima opslagger en mear noch: in goeie freon. Dat klikte wol tusken dy jonges. De flegmatike Jan Schurer derby en wy seagen in noflik partoer. Dat mei twa oerwinningen yn it begjin fan it seizoen (St. Anne, Damwâld) sels hiel suksesfol wie. Schurer heakke ôf fanwegen oare belangstelling en no moatte de trije klaaikluten sjen litte wat sy kinne. Sjoerd de Jong hat 2018 in striemin seizoen draaid. Ofstudearje, in nije baan, ferhúzje, de lapen gear smite mei de freondinne en in haadrol yn it iepenloftspul Silte Liefde wienen allegear faktoaren dêr't de kwaliteit fan it keatsen net heger fan waard. Ek foar Sjoerd jildt: je kinne net ivich in talint bliuwe. Ald-Biltker Dirk Wiersma wurdt de coach fan dizze trije mannen. En mei Dirk hawwe sy in rêstige, analysearjende coach oanlutsen, dy't fan goeie ynfloed wêze kin.

Bauke Triemstra, Drent en Kootstra

Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra sille dit jier besykje om echt mei te draaien om de prizen. Mei ien oerwinning ferline jier (Dokkum) hat dit trio himsels wat tekoart dien. Izerfretter Dirk Jan van der Woud is de nije trainer/coach fan dit partoer. Hy jout heech op fan benammen Kootstra, dy't net wachtsje kin om mei it seizoen te begjinnen. Dat sil mei dy oare twa net oars wêze.

Hiel nuchter beskôge moat Dirk Jan van der Woud derfoar soargje dat Bauke Triemstra minimaal 50 prosint minder opslachmissers produsearret en dat Dylan Drent dúdlik makke wurdt dat it spultsje net foar neat keatsen hjit. Boppeslaan is prachtich, mar net altyd. Dy wite en reade blokjes binne no ienkear in belangryk ûnderdiel fan it keatsen. As him dat slagget en Kootstra bliuwt de konstante (kwaliteits)faktor, dan sjoch ik geweldich perspektyf foar dit partoer.

Maleur Van Zwieten en Zijlstra

Dan de formaasje Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra. Wat in maleur hawwe Van Zwieten en Zijlstra yn 2018 hân. Hylke Bruinsma rekke blessearre. Sa bot, dat hy nei de PC syn karriêre beëinige hat. (No ja, ik moat dat noch sjen. Hy stiet yn Weidum foar Minnertsgea wer op de list en as it goed giet: wa wit.) Erwin Zijlstra hie ek mei fysyk en mentaal leed te krijen, dus it waard in seizoen fan kommer en kwel. Dat gunne je net in keatser. En dus hoopje ik dat dizze jonges optimaal fit bliuwe sille yn dit seizoen. En dan kin der mei de somtiden net te trasearjen opslach fan Menno, de superieure útslach fan Kees en it bettere achterynsewurk fan Erwin in moai partoer ûntstean, dat seker mei dwaan kin foar de prizen.

De PC-winners fan 2018

By eintsjebeslút: de PC-winners fan 2018, Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden. Ien oerwinning yn 2018, mar wol de alderbelangrykste. Dat docht wat mei in minske. Allard waard fan it winter ek keazen ta sportman fan it jier yn de gemeente Waadhoeke. Noch in moai earbetoan oan de PC kening fan 2018.

Mar it leed tsjinne him ek oan by dizze formaasje: Peter van Zuiden rûn in krúsbânblessuere op by it fuotbaljen en hy kin it seizoen ferjitte. Yn Jelte Pieter Dijkstra waard rap in ferfanger fûn. Ik hoopje dat dizze jonges ek meidwaan kinne om de prizen, want dat makket de kompetysje safolle leuker. Mar as ik it sa omskriuw, dan blykt dêr al wat twivel út. Sy sille it swier krije dit seizoen, marrr 'adel ferplicht'!

De kânshawwers neffens Van Tuinen

Oft ik dan ek noch efkes in ranking oanjaan woe yn dit stikje, wie de fraach fan myn sjef. Dy man kin sa wreed wêze. Oan my, erkend tsjinstanner fan de ranking, freegje oft ik in ranking oanjaan wol. Je moatte wat trochstean tsjintwurdich. Mar hawar: ik byt my dertroch hinne.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)