Ryksmonumint Bullemûne fan Lekkum restaurearre mei peallen en beton

25 apr 2019 - 18:29

It hat efkes duorre, mar de restauraasje fan de Bullemûne fan Lekkum is sa goed as klear. It ryksmonumint út 1825 hie gjin fundearring en wie dêrtroch fersakke. Dat probleem is yntusken mei peallen en beton oplost en ek de mûne sels liket wer as nij.

De kosten fan de restauraasje wiene sa'n 150.000 euro. De roeden moatte noch oanbrocht wurde. Dat sil gau dien wurde. Dêrnei kin de mûne wer tsjinst dwaan as helpbemealling foar Wetterskip Fryslân by ekstreem hege wetterstannen.

Al mei al hat de restauraasje hast in jier duorre.

(advertinsje)