Waadhoeke hâldt hast trije miljoen euro oer yn earste jier

25 apr 2019 - 18:11

De gemeente Waadhoeke hat syn earste besteansjier ôfsletten nei it posityf finansjeel resultaat fan hast trije miljoen euro. Dat docht bliken út de jierstikken fan de gemeente oer 2018.

Gemeente Waadhoeke - Foto: Omrop Fryslân

Om krekt te wêzen wie it positive resultaat 2,9 miljoen euro. By it opstellen fan de begrutting oer foarich jier wiene dy fan de eardere gemeenten byinoar opteld.

Utdagingen

Neffens wethâlder Caroline de Pee is it in moai resultaat, mar lizze der noch in soad útdagingen. "Dit positieve resultaat moet gezien worden in het licht van een startende gemeente. We hebben nu één jaar ervaring met Waadhoeke, zowel organisatorisch als financieel. In het sociaal domein liggen echter nog veel uitdagingen."

Wannear't wy spesifiker sjogge nei de sifers oer 2018 fan de gemeente Waadhoeke, docht bliken dat de útjeften yn it sosjaal domein heger útfallen binne, mei leafst 1,6 miljoen euro. Dat hat neffens de gemeente benammen te krijen mei de hegere kosten yn 'e jeugdsoarch. Waadhoeke hold jild oer op it mêd fan de gemeentlike organisaasje en legere kosten foar húsfêsting en ICT. Ek binne ferskate budzjetten net folslein brûkt.

It kolleezje hat foarsteld it grutste part fan it positive saldo ta te heakjen oan de algemiene reserve fan de gemeente. Dizze soe hjirmei boppe de fyftjin miljoen euro komme; de ûndergrins dy't troch de ried fêststeld is.

De gemeenteried nimt takom moanne in beslút oer de jierstikken fan 2018.

Trefwurden: 
Waadhoeke finânsjes
(Advertinsje)
(Advertinsje)