Jeugdsoarch wurdt hieltyd djoerder, docht bliken út ûndersyk

De jeugdsoarch yn Fryslân wurdt hieltyd djoerder. Ferskate gemeenten hawwe dêr struktureel te min jild foar. Dat docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan alle Fryske gemeenten.
Jeugdsoarch © Shutterstock.com
De problemen binne net allinnich ûntstien trochdat de soarch djoerder wurdt. De gemeenten krije ek te min jild fan it ryk. It kabinet hat dat yntusken ek tajûn. De Twadde Keamer praat dêr tongersdei oer. De Fryske gemeenten sette harren lobby troch om mear budzjet foar jeugsoarch te krijen.
De soarch is ûnder oare djoerder wurden troch it nije ynkeapsysteem dat de gemeenten yn 2018 ynfierd hawwe. Dat systeem leit in grutte ferantwurdlikens by de soarchferlieners, seit wethâlder Hilde Tjeerdema fan Ljouwert. Neffens har docht bliken dat de soarchferlieners dêr nochal rom mei omgean. Dêrom sil op 'e nij nei it ynkeapsysteem sjoen wurde. Ek wurdt besocht om te hege kosten dy't de soarchferlieners yn rekken brocht hawwe, werom te foarderjen.
Hilde Tjeerdema oer jildkrapte yn de jeugdsoarch