Ryksrapport: alle lânbougrûn oer tsien jier duorsum beheare

25 apr 2019 - 17:31

Alle lânbougrûn moat yn 2030 duorsum beheard wurde. Dat stiet yn it Nationaal Programma Landbouwbodems dat minister Schouten lansearret. Neffens de minister is it goed brûken fan de boaiem de grûnslach fan sirkulêre lânbou.

Foto: Omrop Fryslân

Hegere opbringst en wetteropslach

Goed mei de boaiem omgean jout mear opbringst en helpt as buffer foar ekstreme waarsomstannichheden. De grûn kin folle better wetter opnimme en kin better oer drûchte. Boppedat draacht in riker boaiemlibben by oan sûne gewaaksen. Der is dan ek minder ferlet fan bestridingsmiddelen en dong.

Nij mjitynstrumint

Om te sjen hoefier oft it is mei in goed behear fan de boaiem, kundiget minister Schouten in nij mjitynstrumint oan. dat jout boeren ynsjoch yn hoe't it mei de boaiem fan it lân is. Op dit stuit binne der ferskate mjitynstruminten. De minister wol ta op ien, want om kennis ûnderinoar te dielen, is it fan belang dat boeren allegearre op deselde manier de kwaliteit fan de boaiem mjitte.

Yntusken hawwe ferskate organisaasje harren ferbûn oan it Nationaal Programma Landbouwbodems, bygelyks de boere-organisaasjes. de Rabobank en wetterbedriuw Vitens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)