Gjin kaaien mear, digitale slotten op wenkompleksen moatte de feiligens ferheegje

25 apr 2019 - 17:19

Meiwurkers fan de thússoarch hawwe net langer in kaai nedich om by de kliïnten fan WoonFriesland yn Ljouwert binnen te kommen. By fiif wenkompleksen yn 'e stêd binne digitale slotten oanbrocht, dy't ek mei in app op 'e telefoan iepene wurde kinne.

WoonFriesland - Foto: WoonFriesland

Sûnt ferline jier wurket de thússoarch mei de digitale slotten, mar foar de sintrale doarren wiene dy der noch net. No't de earsten ophongen binne, hoege de meiwurkers net langer in kaai te brûken. Neffens WoonFriesland binne de nije slotten feiliger. Meiwurkers kinne dy no net mear kwytreitsje of yn alle drokte ferjitte.

(advertinsje)
(advertinsje)