Wytoaljeprodusint Suver Nuver is blokkearre en kin iDEAL net mear brûke

25 apr 2019 - 16:33

De Fryske wytoaljeprodusint Suver Nuver is blokkearre troch de online betelpartner. Dêrtroch kin der net mear mei de betelmetoade iDEAL betelle wurde. "De betalingspartner weet waar we mee bezig zijn", fertelt Suver Nuver-eigener Rinus Beintema, "maar ze hebben ons eruit gegooid, omdat ze zich niet kunnen vereenzelvigen met het product dat we verkopen."

"iDEAL is in wize om online, op ynternet te beteljen", leit Omrop Fryslân-redakteur Mats Gies út. "In soad webshops, mar ek oare organisaasjes, biede dy mooglikheid oan." It bedriuw Currence is eigener fan iDEAL en hâldt tafersjoch op de regels en easken. "Oare partijen, wêrûnder grutte banken, nimme it betelsysteem dan wer oer fan Currence. Sy binne de saneamde betelpartners en slute in kontrakt ôf mei bedriuwen dy't dat betelsysteem oanbiede wolle, sadat de minsken wat keapje kinne op har webside."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Yn it gefal fan Suver Nuver hat de betelpartner dus tongersdeitemoarn de stekker derút lutsen. De wytoaljeprodusint wol net sizze watfoar betelpartner se ha. Gies: "As de betelpartner it idee hat dat de tsjinsten fan har klant yn it grize gebiet sitte, of twivelet oft it wol of net mei neffens de wet, dan meie se de klant yn prinsipe blokkearje of wegerje."

"Het is helaas nog steeds illegaal"

Beintema is net lilk of teloarsteld: "We moeten het sportief opvatten en naar oplossingen zoeken. Wietolie is helaas nog steeds illegaal." Justysje hat ûndersyk dien by Suver Nuver om te sjen oft it yllegaal wêze moat of net. Dat ûndersyk is neffens Beintema fjouwer moanne lyn ôfrûne. Hy wachtet no de útkomst noch ôf. "We hebben nog geen dagvaarding gekregen, dus een eventuele rechtszaak kan nog maanden duren. We pleiten voor duidelijkheid, zodat we weten of we door kunnen gaan of niet."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

As Suver Nuver de opdracht krijt om mei wytoalje op te hâlden, dan sille se deroer neitinke. Mar der is ek in 'plan B', fertelt Beintema. "We zitten te denken aan een samenwerking met mensen die in deze branche ook klappen hebben gekregen, net als ik. Mensen die bereid zijn om het product bij de mensen thuis te bezorgen. Dan koppelen we het los van de stichting, want anders zijn we nog steeds strafbaar."

Oprop docht fertuten: 1000 bestellingen

As tydlike oplossing hat Suver Nuver de klanten frege om ekstra te bestellen, sadat se in 'buffer' ha. Oant tongersdeitemoarn wurke it iDEAL-betelstysteem noch. De oprop hat fertuten dien. "Ik denk dat er meer dan 1000 mensen gebruik van hebben gemaakt", seit Beintema. "Het is heel duidelijk dat mensen er veel baat bij hebben. Het belang van het product is heel duidelijk zichtbaar. Mensen hebben vertrouwen in wat we doen en willen niet zonder."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
(advertinsje)
(advertinsje)