Skriuwer en keunstner Hessel Miedema (90) ferstoarn

25 apr 2019 - 16:18

Skriuwer en keunstner Hessel Miedema is yn de âldens fan 90 jier ferstoarn yn Amsterdam. Hy waard yn 1929 berne yn Snits, groeide op en studearre yn Amsterdam en hat in soad betsjut foar de Fryske literatuer. Dêrnjonken wie er direkteur fan it keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert en wittenskiplik meiwurker fan de Universiteit fan Amsterdam.

Foto: Tresoar

Yn syn stúdzjetiid yn Amsterdam kaam Miedema yn de kunde mei de dichters Marten Brouwer en Sybe Sybesma. Hy waard sa de Fryske literêre wrâld ynlutsen. Hy rekke belutsen by it eksperimentele literêre tydskrift Quatrebras, dat yn 1954 oprjochte waard troch Brouwer, Sybesma en Lambert Mulder.

Miedema makke earst tekeningen en houtfiken foar it omslach fan it blêd. Letter kaam syn dichtwurk ek yn it blêd. Hy wie in fernijer, ûnder oare om't er op in boartlike wize mei taal en literatuer omgie. Foar him wie it belangryk om yn taal wat nijs te skeppen.

Yn 1973 ferskynde de sammelbondel 'Op 'e literêre toer'. Dêryn stiet ek in brief, wêryn't Miedema fertelde dat er ophâldt mei skriuwen.

(advertinsje)
(advertinsje)