De Knipe is bliid mei opknapwurk oan trochgeande dyk

25 apr 2019 - 16:08

It opknapwurk oan Het Meer en de Meijerweg yn De Knipe sil noch oant en mei healwei juny duorje, mar der is yntusken al protte dien. Yn it sintrum fan it doarp is it wurk al klear en it sjocht it der hiel oars út. Wolter Diever fan Doarpsbelang De Knipe is bliid mei de feroaringen: "De plannen binne alve jier âld, mar it is no hartstikke moai."

De Knipe is bliid mei opknapwurk oan trochgeande dyk

Wethâlder Jaap van Veen fan de gemeente Hearrenfean fynt it belangryk dat de trochgeande dyk troch De Knipe oanpakt wurdt. "Het was één grote asfaltbaan en dat nodigde uit tot hard rijden." Ek Diever tinkt dat de nije sitewaasje feiliger is: "De snelheid is bot nei ûnderen gong, ferlike mei de âlde sitewaasje."

Oerlêst

Op it stuit kin it ferkear út de omlizzende doarpen net troch De Knipe ride om op It Hearrenfean te kommen. Dat jout benammen oerlêst foar minsken dy't út de omlizzende doarpen wei, lykas Bontebok, Jobbegea en Langsweagen wei, nei It Hearrenfean wolle. Fan 3 maaie ôf kin it ferkear wer troch De Knipe hinne.

Trefwurden: 
wurksumheden De Knipe
(Advertinsje)
(Advertinsje)