Grut tal mûzen soarget foar ûngewoan grut tal seldsume fjildûlen yn greiden

Der binne al mear as tsien briedgefallen fan de fjildûle fûn yn Fryslân en dat kinne noch folle mear wurde. De tige seldsume soart briedt oars eins noait op it Fryske fêstelân, omdat de hjoeddeistige greiden dêr net geskikt foar binne. Mar der liket no wat bysûnders te barren, trochdat yn in oantal hoeken fan Fryslân wer in hiel soad mûzen yn it fjild sitte.
© Wikimedia Commons
De situaasje fan no docht Romke Kleefstra fan Sovon-fûgelûndersyk tinken oan de grutte mûzepleach fan 2014. It binne ek deselde plakken dêr't dy pleach doedestiids úteinsette. Yn dat jier binne der fyftich briedpearen fjildûlen teld. Dat kin no wer safier komme.
De fjildûle is in beskerme soart. No't de fjildûlen wer yn it boerelân sitte, wurde boeren oproppen rekken te hâlden mei dizze mûzefretters. Der binne ek fergoedingen foar beskikber.
Romke Kleefstra