Boargemaster slút Ljouwerter wenning fanwegen drugs

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat ôfrûne tiisdei in wenning oan de Noteboomstrjitte yn 'e stêd sletten. De plysje die dêr earder dit jier in ynfal wêrby't ferskate drugs - himp, kokaïne en heroïne - oantroffen waarden.
© Google Streetview
De drugs binne yn striid mei de Opiumwet en dêrom hat de boargemaster it foech de wenning te sluten. Crone die dat dit jier al sân kear earder.
De plysje, it Iepenbier Ministearje en de gemeente wurkje gear om op te treden tsjin drugshannel en oerlêst foar omwenners.