Follybalsters Snits gjin kampioen, wol grutsk

25 apr 2019 - 14:31

De follybalsters fan VC Snits ha net foar in stunt soargje kinnen yn de striid om it kampioenskip fan Nederlân. Sliedrecht Sport wie yn de finale mei 3-0 te sterk foar de Friezen. De Súd-Hollanners pakten har tredde titel op rige.

Nei de earste teloarstelling wienen de Fryske froulju dochs ek foaral grutsk op in ferrassend sterk seizoen mei in nije trainer en in soad nije spilers. Trainer en spilers sjogge noch ien kear werom op in bysûnder seizoen. Foar VC Snits-libero Janieke Popma is it (foarearst) ek har ôfskied as topfollybalster.

De finale om it kampioenskip fan Nederlân wie foar Hester Jasper nei alle gedachten it ôfskiedsduel yn de klupkleuren fan VC Snits. It 17-jierrige talint is ambisjeus en stiet iepen foar in bûtenlânsk aventoer. Bûnscoach Jamie Morrison hat Jasper taheakke oan de foarriedige seleksje fan Oranje en wie ûnder de yndruk fan Jasper yn de finale. Jasper hat noch gjin nije klup, mar Paul Oosterhof rekkenet derop dat hy it takom seizoen sûnder it jonge Snitser talint dwaan moat by VC Snits.

Oanfierder Roos van Wijnen waard earder yn 2015 en 2016 kampioen fan Nederlân mei VC Snits. Sûnt dy tiid is der yn de seleksje en de stêf in soad feroare. Trainer/coach Paul Oosterhof waard oansteld as opfolger fan Petra Groenland en ferovere by syn debút op it heechste follybalnivo dus sulver mei de Fryske froulju.

(Advertinsje)
(Advertinsje)