Cambuur tsjin direkte konkurrint MVV, Robertha ferfangt Hendriks

Sportklup Cambuur spilet freed de thúswedstriid tsjin MVV Maastricht. Foar de Ljouwerters wer in finale yn de striid om in plak yn de play-offs. En dat jildt ek foar MVV. Cambuur stiet op it stuit achtste mei 54 punten út 36 wedstriden. Dat plak jout rjocht op in plak yn de play-offs. MVV is de nûmer alve, mei mar ien punt minder as Cambuur en dat plak is net genôch om de play-offs te heljen.
René Hake
Der stean noch in oantal klups hiel tichtby, dus Cambuur moat winne om pleatsing foar play-offs yn eigen hân te hâlden. Der binne noch twa wedstriden te gean en it sil nei alle gedachten spannend bliuwe oant de lêste minút.

MVV goed yn útwedstriden

MVV is in drege ploech. Hielendal yn útwedstriden docht de ploech út Maastricht it goed. "MVV is na kampioen FC Twente de best presterende ploeg in uitwedstrijden", seit trainer René Hake fan Cambuur. "Als we winnen, zijn we zeer waarschijnlijk nóg niet zeker van plaatsing voor de play-offs. Dat hangt dan ook weer van andere uitslagen af. Maar door te winnen kunnen we ons wel beter positioneren. Maar MVV gaat ook voor de laatste kans. We kunnen blijven speculeren, maar dat moet je in het casino doen."
Nigel Robertha
Cambuur hat wol in spitseprobleem. Fêste spits Sam Hendriks rekke swier blessearre yn de wedstriid fan ôfrûne moandei tsjin FC Den Bosch en kluptopscoarer Kevin van Kippersluis is skorst. Nigel Robertha wurdt tsjin MVV de spits; Issa Kallon is de ferfanger fan Van Kippersluis. Foar Robertha betsjut in basisplak tsjin MVV meidwaan op it stuit dat it der echt ta docht. De spits baalt derfan dat Hendriks swier blessearre is, mar wol syn kâns wol pakke.
Robertha hat noch in kontrakt foar in jier by Cambuur, mar de klup hat him in oanbod dien om langer te bliuwen. Robertha wol langer by Cambuur bliuwe. "Mijn zaakwaarnemer en ik zijn er wel uit. We gaan erover praten met Cambuur", sa sei hy tongersdei nei de training.