Grutte belangstelling foar nij autismesintrum yn Dokkum

25 apr 2019 - 13:05

Der is in soad belangstelling foar it nije autisme-ekspertizesintrum yn Dokkum. Oprjochtster Sebiha Unal brûkt 'positive mind'-psychology. Nei de iepening yn maart is der al in wachtlist en der binne fjirtich dielnimmers. Dy binne entûsjast oer de helpferliening fan in positive psychology út. Dêrby is de persoan sels it middelpunt.

Oprjochtster Dr. Sebiha Unal hat yn har oare ynstellingen foar autisme yn Turkije en België al in soad sukses. Dêr binne yntusken ek seishûndert begelieders oplaat yn de positive-mind-metodyk. Yn Dokkum wol de psychologe noch mear minsken traine. Mar se wol ek wenromten bouwe foar de doelgroep.

Trefwurden: 
autisme sintrum Sebiha Unal
(advertinsje)
(advertinsje)