Dokumintêre oer azc-direkteur Groeneveld yn Vaatstra-tiid: "It is in ûnferteld ferhaal"

25 apr 2019 - 17:54

Nettie Groeneveld, direkteur fan it azc yn Kollum yn de tiid fan de moard op Marianne Vaatstra, fielde har yn dy tiid persoanlik bedrige. Dat fertelt se yn de Fryslân DOK 'Moard en lulkoek yn 'e Wâlden', dy't snein by Omrop Fryslân te sjen is. De film sjocht tweintich jier nei de moard op Vaatstra werom op dy tiid, oan de hân fan it argyf en in lochboek fan Groeneveld. In soad minsken yn de omkriten tochten dat de dieder in bewenner fan it azc wie.

It azc waard yn it earste jier nei de moard op Vaatstra bedrige en swier befeilige. Personiel fan it azc mei PTSS-klachten waard begelaat troch it ynstitút foar psychotrauma. It jout oan hoe dreech oft de tiid wie foar azc-direkteur Groeneveld, dy't yn 2018 ferstoar.

De dokumintêre fan Annet Huisman beljochtet it ferhaal fan Groeneveld. We praten mei Huisman en fregen har om noch djipper yn it komplekse ferhaal te dûken:

Nettie Groeneveld - Foto: Omrop Fryslân

Hoe is de dokumintêre 'Moard en lulkoek yn 'e Wâlden' ta stân kaam?

"Ik koe Nettie Groeneveld as mindfulness-learares, mar wist net dat sy direkteur fan azc De Poelpleats west hie. Doe't ik dêr yn 2017 efter kaam, haw ik har frege om ris oer dy skiednis te praten. Om twa redenen. De earste reden: om't ik gewoanwei benijd wie hoe't dat alles foar har west hat. En de twadde reden: om't ik ûndersykje woe oft hjir in dokumintêre yn siet. Nettie wie ferrast. Se wie oan de iene kant bliid mei omtinken foar it ferhaal, mar oan de oare kant hie se in soad twivels oft it wol wiisheid wie om hjir in film oer te meitsjen. Soe dat op 'e nij fjoer jaan oan de sentiminten fan doe?

Koart nei't se besletten hie om dochs troch te setten, waard se slim siik. Nettie soe noch mar koart te libjen hawwe. We wiene dus te let. Se hie wol wat oars oan 'e holle. Nettie wie tige bewust dwaande mei har libbensein, mar doe die dochs bliken dat har histoarje as direkteur yn de tiid fan de moard op Marianne Vaatstra fielde as in losse tried yn har libben. Ik haw doe myn kamera pakt en haw har in dei filme en ynterviewd. Dan hiene wy dat yn alle gefallen mar dien. Ek krige ik Nettie har komplete argyf mei knipsels, lochboeken, in manuskript en har korrespondinsje mei de tekst: "Doe er maar mee wat jij denkt dat goed is." Yn oktober 2018 ferstoar Nettie Groeneveld.

No, tweintich jier nei de moard, is it in goed momint foar dizze dokumintêre. Wy hawwe Nettie har argyf as dekôr opboud yn in steancaravan dy't tinken docht oan in wente yn it azc. It 'thús' fan har ferhaal, dêr't se, troch de stim fan Tamara Schoppert, har ferhaal fertelt."

Annet Huisman - Foto: Omrop Fryslân

De wurdfiering fan it azc wie doedestiids sintraal regele, wêrtroch't Groeneveld en har meiwurkers harren kant fan it ferhaal net kwyt koene. Boppedat diktearre de eangst radiostilte út it sintrum wei. In strategy dy't nei Groeneveld har oertsjûging derfoar soarge hat dat de saak net fierder eskalearre is. De famylje Vaatstra leit druk op de oplossing fan de moard en Nettie wurdt persoanlik oansprutsen op it efterhâlden fan feiten.

Doe't in healjier nei de moard de komst fan in nije azc-fêstiging oankundige waard, liede dat ta grut ferset yn de mienskip. Op in ynformaasjejûn waard de boargemaster fan Kollum mei aaien bekûgele. Dêropfolgjend waard yn Ingelân in nije term yntrodusearre foar 'not in my backyard', nammentlik 'to Kollumise': it tanimmende ferset tsjin de komst fan asylsikers.

Wat woe Nettie oerbringe mei de film?

"Yn dat lêste ynterview yn de simmer fan 2018 waard dúdlik dat foar har twa saken wichtich binne. Dat de keazen strategy fan it azc om hiel kalm te bliuwen, de bêste west hat. "Het is een wonder dat er niet meer doden zijn gevallen", skriuwt se earne yn har lochboek. Mar de bottomline dy't Nettie oerbringe wol, is: as jo in oardiel earne oer hawwe, mar der neat fan witte, wês jo dêr dan bewust fan.

Oan de ein fan har libben boeide it har minder, mar de tweintich jier dêrfoar hat se te min erkenning krigen foar har rol. Ik oerdriuw net as ik sis dat it in traumatyske tiid foar har west hat. De komplottinkers wize noch altyd nei har, as ûnderdiel fan in grutte dôfpotkonstruksje dy't de wiere dieder, in asylsiker, beskerme hat."

Het is een waargebeurd verhaal. Andere mensen die betrokken waren bij deze geschiedenis zullen een ander verhaal hebben. Ik heb geprobeerd uit te drukken dat er niet één werkelijkheid bestaat, maar meerdere.

Nettie Groeneveld in de documentaire

Hoe is it foar dy as filmmakker om oer in ûnderwerp dat noch altyd sa libbet in film te meitsjen?

"Ik fûn en fyn it bêst spannend. It is sa'n komplekse saak. Alles watst fertelst, of fuort litst, wat mei de saak te krijen hat, ropt wat op. Mar ik krige op unike wize tagong ta de efterkant fan de skiednis en ik stean der fjouwerkant efter om it ferhaal fan Nettie Groeneveld en it azc Kollum te fertellen. It is in ûnferteld ferhaal dêr't ik fan hoopje dat we dat meinimme yn ús kollektyf ûnthâld dêr't it 'de moard op Marianne Vaatstra' oanbelanget."

Hokfoar les kinne wy, neffens dy, leare as wy weromsjogge op dy tiid mei de wittenskip fan no?

"Neist de les dy't Nettie Groeneveld sels al neamde: ik hoopje dat tweintich jier nei de tiid lang genôch is om mei in beskate distânsje nei dit ferhaal te sjen. Jin ôf te freegjen hoe't it sa mâl gean kinnen hat? En foar ús as sjoernalisten is it tagelyk in les: hoe soargje jo derfoar dat jo yn it hjitst fan de ferslachjouwing rjocht dogge oan alle fasetten fan sa'n saak?"

Moard en lulkoek yn 'e Wâlden

De Fryslân DOK-dokumintêre 'Moard en lulkoek yn 'e Wâlden' is snein 28 april fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

Harkje nei in fragmint en nei programmamakker Annet Huisman

(Advertinsje)
(Advertinsje)