Boargemasters wolle help Belestingtsjinst by tsjingean drugskriminaliteit

25 apr 2019 - 11:58

Der moatte ekstra minsken oan it wurk by de Belestingtsjinst, om te helpen yn de striid tsjin de drugskriminaliteit. Dat skriuwe sân boargemasters tongersdei yn in opinystik yn de NRC. Ien fan harren is boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert.

Foto: Google Street View

De boargemasters slute geregeld drugspannen. "We worden door ons werk geconfronteerd met grof geweld van liquidaties en zware mishandeling, die het gevolg zijn van de strijd om drugsmarkten", sizze de boargemasters yn de krante.

Neffens harren moat der noch flink ynvestearre wurde yn de oanpak fan kriminaliteit. Dêrom fine se it wichtich dat der noch hurder tsjin optreden wurdt, as ien oerheid. "Maar met strafrecht alleen lukt het niet. Een van onze belangrijkste partners is de Belastingdienst."

Foto: Gemeente Ljowuert

It doel fan kriminaliteit is fansels dat der gau jild fertsjinne wurdt. Neffens de boargemasters wurket it effektiver om it jild dat kriminelen fertsjinje mei har drugshannel, fuortendaliks wer ôf te pakken. Dêr ferskynt de Belestingtsjinst op it toaniel. Dy soe makliker jild ôfnimme kinne as de plysje en Justysje.

Mar dan moat der wol mankrêft wêze en dy is der no net. De Belestingtsjinst stiet de ôfrûne jierren sterk ûnder druk en is minder ynfloedryk as partner by it tsjingean fan kriminaliteit.

Ekstra regionale teams

Dêrom roppe de boargemasters it kabinet op om ekstra regionale teams op te setten foar fiskale hanthavening. Lanlik soe it gean om sa'n hûndert ekstra formaasjeplakken.

(advertinsje)
(advertinsje)