FOTO: Reade loften troch Saharasân en tongerbuien boppe Fryslân

25 apr 2019 - 11:39

De ôfrûne dagen wie it ien en al spektakel yn de loft. Saharastof gong oer grutte dielen fan Europa. Der kamen in soad moaie foto's binnen op de redaksje nei in oprop op de Facebookside fan Omrop Fryslân.

Neist de foto's fan de reade loften, wiene der ek noch de ôfkuoljende tongerbuien dy't oer de provinsje gongen.

Wa't noch mear waarfoto's sjen wol, kin alle dagen terjochte op de waarside fan Piet Paulusma. Dêr is ek in formulier om dyn eigen waarfoto's yn te stjoeren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)