Arends en Weissborn yn heale finale fan challenger Nanchang

25 apr 2019 - 11:15

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat mei syn dûbeldmaat Tristan-Samuel Weissborn de heale finale fan it challengertoernoai yn Nanchang, Sina berikt. Se wiene mei 6-3 en 6-3 te sterk foar it Australyske duo Jacob Grills en Maverick Banes.

Foto: www.orange-pictures.nl

It is it tredde toernoai dat Arends en Weissborn dizze moanne yn Azië spylje. Yn Taiwan hellen se twa wiken lyn de finale, ferline wike waarden se yn de heale finale fan Anning útskeakele.

Tsjin wa't Arends en Weissborn yn de heale finale moatte, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis Nanchang
(Advertinsje)
(Advertinsje)