De Noorderbrug wol oernaam wurde troch grutte soarchorganisaasje

Soarchynstelling De Noorderbrug sil nei alle gedachten oernaam wurde troch in oare organisaasje. De ynstelling kampte foarich jier mei in miljoenetekoart. De finansjele situaasje soe yntusken stabilisearre wêze. De ynstelling tinkt har takomst it bêste garandearje te kinnen troch op 'e syk te gean nei in soarchorganisaasje dy't De Noorderbrug folslein oernimme kin.
© Google Street View
De Noorderbrug hat fêstigingen yn Ljouwert, Drachten en Snits, mar ek yn Grinslân en Drinte. De organisaasje biedt ûnder oare deibesteging en beskerme wenjen. Der wurkje sa'n achthûndert minsken.
"Het is een behoorlijke stap die we nemen. We kunnen de dagelijkse bedrijfsvoering weer draaien, maar we zien dat onze spaarrekening helemaal leeg is", fertelt ynterim-bestjoerder Jeltje Schraverus. "We moeten de komende jaren behoorlijk investeren en dat geld hebben we niet. Daarom moeten we op zoek naar een partner die ons over wil nemen."

Swarte sifers

Yn 2018 waard bekend dat der sprake wie fan finansjele tekoarten by De Noorderbrug. Yntusken skriuwt de ynstelling wer swarte sifers.
De Ried fan Bestjoer fynt it lykwols tige wichtich dat der ek yn de takomst ynvestearrings dien wurde kinne yn de soarch fan kliïnten, de oplieding fan meiwurkers en it ûnderhâld fan de gebouwen.

Flinke pûde mei jild

De oernamepartner soe dus in flinke pûde mei jild meinimme moatte om De Noorderbrug der wer boppe-op te helpen. "We kunnen het dagelijks onderhoud zelf goed betalen. We kunnen in de komende jaren best wat geld overhouden, maar omdat we geen reserves hebben, moet dat in onze spaarpot terechtkomen", fertelt Schraverus.
"Dat hoeft de nieuwe overnemende partij niet te doen, dus die kan ons geld beter aanwenden om te investeren in waar het voor bedoeld is: de zorg."
Jeltje Schraverus fan De Noorderbrug
Schraverus giet derfan út dat harren kliïnten op itselde plak wenjen bliuwe kinne. "We hadden al een besluit genomen om onze dagbesteding over te dragen aan anderen. Maar misschien wil de partij die ons overneemt dat ook gaan doen."
De meiwurkers fan De Noorderbrug sille net ûntslein wurde. Foar oare ôfdielings, lykas HR of de finansjele administraasje, soe it lykwols wol gefolgen hawwe kinne. Dy sille miskien ferfongen wurde troch de oernimmende partij.

Oernamekandidaten

Ferskate soarchorganisaasjes hawwe al ynteresse toand. De kommende tiid sil der sjoen wurde nei hokker kandidaat it meast geskikt is foar oername. Op hokker termyn de oername barre sil en wa't de oernamekandidaten binne, wol Schraverus noch neat oer sizze.