Nij sân foar Skiermûntseach fan Rykswettersteat

25 apr 2019 - 09:48

It strân fan Skier wurdt hieltyd smeller en dat bringt de feiligens yn gefaar. Rykswettersteat sil dêrom yn 2021 begjinne mei it oanbringen fan sân. Rykswettersteat meldt dat op de eigen webside.

Foto: Henk Boschma

De lêste tweintich jier wurdt it strân by strânpeal 4 en 5 alle jierren tritich oant fjirtich meter smeller. Troch natuerlike streamingen wurdt it strân nei ferrin fan tiid ek wer breder, mar dat kin noch wol tsien jier duorje, neffens Rykswettersteat.

Sa lang kin der net wachte wurde, want as der neat bart, kin it eilân oer fiif jier mooglik net mear beskerme wurde mei heech wetter. Dit binne dan wer berekkeningen fan it Wetterskip Fryslân.

Bewenners net bliid

It wurk oan it strân sil yn 2020 of 2021 útfierd wurde. Yn april hat der in gearkomste west foar bewenners fan Skier. Dy binne net allegear bliid mei de sânsuppleesje. Guon fine it tefolle in yngreep yn de natuer.

It stik strân hat ek bysûndere natuerwearden. Der is in grien strân mei begroeiïng en seldsume natuer. It nije sân sil by it griene dellein wurde om it net te fersteuren.

(advertinsje)
(advertinsje)