Pussy Riot yn novimber foar it earst yn Fryslân: op festival Explore the North

De aktivistyske Russyske punkrockgroep Pussy Riot komt yn novimber nei Ljouwert. It keunstkollektyf sil op it festival Explore the North spylje. It is foar it earst dat se nei Fryslân komme.
© Denis Sinyakov
Op Explore the North sil Pussy Riot it muzykteäterprojekt Riot Days presintearje. Dat is in miks fan saksofoansolo's en elektroanika, dokumintêrebylden en politike krityk. It is basearre op it boek Riot Days en giet oer it protest en finzenskip fan Maria Alyokhina, ien fan de leden.
Pussy Riot waard oprjochte yn 2011 en wrâldferneamd nei saneamde 'guerrilla'-optredens: optredens op publike plakken waarden filme en nei bûten brocht as fideoklips. Se binne iepenlike tsjinstanners fan de Russyske presidint Vladimir Poetin.
Trije leden fan it kollektyf waarden dizze moanne noch oppakt, doe't se ûnderweis wiene nei de priisútrikking fan de Golden Mask, in teäterpriis.

Nije wrâlden

Explore the North wurdt dit jier holden op 22, 23 en 24 novimber. It festival leit dit jier de fokus op artysten dy't idealen neistribje en fantasearje oer nije wrâlden. Pussy Riot is it perfekte foarbyld, seit de organisaasje.

It ferskil meitsje

It perfekte foarbyld, mar hoe sit it dan krekt? Pussy Riot in in groep dy't it ferskil makket, dy't feroaring feroarsake hat, fertelt koördinator Mark Hosper fan it festival Explore the North. Se binne yn de buert as it festival yn Ljouwert plakfynt en se hawwe tasein om te kommen. De foarstelling giet oer it ferbliuw yn in strafkoloanje. Om de foarstelling hinne wurdt in spesjaal programma makke, dêr't se sels ek oan it wurd komme sille.

Kulturele Haadstêd

Hosper leit in link mei Kulturele Haadstêd 2018. It ferskil meitsje en feroaring yn de eigen omjouwing oanbringe, hawwe wy hjir ek meimakke mei Kulturele Haadstêd, ferline jier. It is slagge om dat binnen te heljen. Mei in lytse feroaring kinne jo in protest útsprekke of de eigen omjouwing feroarje. Dêr giet it om, seit Hosper.
Oft Pussy Riot foar ekstra besikers op Explore the North soargje sil, wit Hosper net. It is in grut festival mei in soad ferskillende artysten, seit er. Mar mei sa'n band fêstigest wol de oandacht op it festival.