Kollum: "Theo Hiddema"

"Oh Theo Hiddema, wat in man. Dion Graus, Twadde Keamerlid foar de PVV, krige earder dizze wike al op syn dak, dat hy tefolle ferbliuwskostefergoeding fangt. Offisjeel wennet hy by syn mem yn Heerlen, mar dêr hat einliks noch nea ien him sjoen. Hy hat nammentlik ek noch in hûs yn Voorburg, wat in stik tichterby Den Haag leit, wêrtroch't hy fiersten tefolle fan dy ferbliuwskostefergoeding kriget. En dan giet it oer 24.000 euro yn it jier. Yn syn ûntkennen fan de boel besoademiterje, sloech hy echt in pleefiguer. Mar dan Hiddema!
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Theo Hiddema, hikke en tein yn Fryslân, op in buorkerij by Holwert, út hûs set troch syn âlden, yn Ljouwert telâne kaam en fia in stúdzje yn Grins en as advokaat by Moszkowicz yn Maastricht, sûnt twa jier yn it plús fan de Twadde Keamer neist Thierry Baudet foar Forum voor Democratie.
Mei in kop op healwei sânen ferskynt hy sa no en dan foar de kamera's fan de Haagske sjoernalisten, altyd mei in air fan 'wêr falle jimme my yn fredesnamme mei lestich' - as in boer út Holwert dy't wol wat betters te dwaan hat as him mei boargers dwaande te hâlden. Hielendal hilarysk, en ek echt stúdzjemateriaal foar takommende histoarisy, binne Hiddema's optredens yn talkshows. Fassinearjend om't er docht as oft er troch terroristen ûntfierd is en yn dy stoel telâne kommen is; it is in komplekse mjuks fan kameraskouwens, mediageilens, idelens en dedain. Nearne komt it moaier tegearre as by Hiddema yn in talkshow.
Hiddema hat no sa'n bytsje itselde oan 'e hân as Graus: ek Hiddema ûntfangt tûzenen euro's tefolle yn it jier. Ast mear as 150 kilometer fan Den Haag ôf wennest, krigest de maksimale fergoeding fan 24.000 euro. Hiddema stiet ynskreaun yn Maastricht, en kriget dat dus, wylst hy yn Amsterdam wennet. Dan is de fergoeding sa'n 17.000 euro yn it jier. En nei twa jier yn 'e Keamer is dat dus sa'n 15.000 euro tefolle. De Volkskrant hat it útsocht.
En wêr't Graus de sjoernalisten driget mei rjochtsaken yn reaksje op syn besoademiterderij, reagearret Hiddema mei in ûnderkuolle: "U hebt me wakker geschud. Ik had geen benul" en hy seit it jild werom betelje te wollen. Skerp, want sa donderje nijsgjirrige sjoernalisten gau wer op, mei harren wizende skuldfingertsjes. Mar dan seit Hiddema noch wat: "Ik wist niet eens dat die verblijfskostenvergoeding bestond."
Ochja, 15.000 euro, wist, wa hat it net wolris ferjitten. Foar Hiddema is it bûsjild. As oft dejinge dy't syn wask docht nei him takomt en seit: hea, der siet noch 15.000 euro yn dyn broeksbûse. It leit neist de waskmasine yn 'e bykeuken, Theo. Jo ha my wekker skodde, ik hie gjin benul. Ik wist net iens dat it bestie.
Dit nijs berikt PVV en FvD stimmers wierskynlik net. It komt net yn harren Facebookbubbel; Thierry en Geert twitterje der net oer en se lêze fansels net de kneiterlinkse Volkskrant en dy steatspropagandawebsite fan de NOS. Sil ik it 'wegkijken' neame? Sil ik it rjochts-polityk-korrekt neame?
Ach nee, ik ha hielendal gjin nocht oan in diskusje hjiroer - boppedat binne der noch 33 oare Keamerleden dy't de maksimale ferbliuwskostefergoeding krije, dus de kâns dat yn 'e rin fan nije wike besoademiterderij oan 'e linkerkant fan it politike spektrum útkomt, is fry grut. En dan kinne de PVV- en FvD- stimmers mei in puberaal 'sjochst no wol!' Graus en Hiddema harren gong gean litte, oft der neat oan 'e hân is.
It sil wol. Ik fyts in rûntsje lâns de Amstel. Alles is wer grien en yn 'e greide is in boeresoan op in grutte John Deere gers oan it meanen. It rûkt hearlik, en docht my tinken oan myn noflike jeugd op in buorkerij yn Fryslân. Mei dêrby de sûne en earlike gedachte dat ik noch nea in ferbliuwskostefergoeding hân ha yn myn hiele libben. En dus hooplik ek nea sa'n healweisânenkop krij as Theo Hiddema."