Basisskoalle Kollumerpomp iepenet nije skoalplein

25 apr 2019 - 08:18

Yn Kollumerpomp iepenet kristlike basisskoalle De Wegwijzer tongersdeitemiddei syn fernijde skoalplein. It 'Pompsterplein' is der kaam mei finansjele bydragen fan fûnsen en bedriuwen, mar benammen ek trochdat de ynwenners sels de hannen út de mouwen stutsen hawwe.

It âlde skoalplein fan De Wegwijzer - Foto: Google Street View

It wiene de âlden dy't fûnen dat der in nij skoalplein komme moast. "Wij vonden het schoolplein wat armoedig. We hadden in vergaderingen ook al aangegeven dat we het fijn zouden vinden als het schoolplein een ander aanzicht zou krijgen", fertelt Margriet Kingma, foarsitter fan de âlderrie fan De Wegwijzer.

"Maar de middelen waren daar steeds niet voor." Nij op it skoalplein binne ûnder oare it betegele fuotbalfjild (pannakooi), de boarterstastellen en fruitbeammen.

Margriet Kingma, foarsitter fan de âlderrie fan De Wegwijzer

De plannen foar de fernijing wiene der al in oantal jierren. "Op den duur zeiden we als ouders: dan pakken we het zelf op. Maar het is een heel proces voordat dat gerealiseerd is", fertelt Kingma.

"Het mooiste aan het project is dat we de kinderen hebben gevraagd hoe zij dachten dat hun schoolplein eruit moest komen te zien. Daar kwamen geweldige plannen en ideeën uit. Ik denk dat er op 90 procent van de maquettes die de kinderen hebben gemaakt een pannakooi te zien was."

Gjin reaksje

Kingma hie ferskate stichtings en bedriuwen oanskreaun, mar se krige hieltyd nul op it rekest. "Op den duur heb ik bij de Provincie Fryslân een verzoek ingediend. Die verwees me door naar het Streekhuis in Burgum, een adviesorgaan van de provincie", seit Kingma.

"Daar heb ik een aantal tips gekregen. Ik heb m'n aanvraag opnieuw geschreven, met foto's en het hele proces erbij. Zo konden organisaties die m'n aanvraag tegenkwamen, konden zien hoe we dit proces hebben opgepakt." Sa slagge de skoalle der dochs yn om jild yn te sammeljen by fûnsen en bedriuwen.

Mienskip

Mar ek in soad fan it fersette wurk is te tankjen oan de mienskip. In soad minsken út it doarp hawwe harren stientsje bydroegen. "Kollumerpomp is een klein dorp en je moet het met z'n allen doen, met de spullen die je hebt. Het is dus niet alleen een schoolplein, maar ook echt een dorpsplein."

It nije Pompsterplein wurdt tongersdeitemiddei iepene. "Onze nieuwe wethouder zal daarbij aanwezig zijn."

(advertinsje)
(advertinsje)