Piet Paulusma wist noch net dat gearwurking mei MAX fan de baan wie

"Ik ha it yn de krante lêzen en ik wit nearne fan", is de reaksje fan Piet Paulusma op it berjocht yn de Leeuwarder Courant dat de oerstap nei Omroep MAX net trochgean soe. Paulusma soe te djoer wêze.
© Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
Piet fertelde tongersdeitemoarn op de radio by Omrop Fryslân dat hy fan neat wit. Hy wit dat der ien petear west hat mei syn saakwaarnimmer en Omroep MAX en neffens him soe der in twadde petear komme.
"No lês ik yn de krante dat it mei MAX yn elts gefal neat wurdt, dat wy te fier út elkoar lizze." Piet sil tongersdei fuortendaliks útsykje hoe it krekt sit.
Reaksje Piet Paulusma
Yn febrewaris waard bekend dat SBS6, nei 23 jier gearwurking, net mei Paulusma fierder wol. Jan Slagter, direkteur fan Omroep MAX, liet doe witte dat hy de Fryske waarman graach oan syn omrop keppelje wol.