Organisaasje Veenhoop Festival soe foarútrinne op beslút gemeente

Dat feestboaten en pontons dit jier net mear tastien binne op it Veenhoop Festival op De Feanhoop makket in soad reaksjes los. De organisaasje fan it festival makke dizze maatregel woansdei bekend. It ferbod sil ek jilde foar bouwurken op de camping, lykas dakterrassen, foar iepen fjoer en it ôfstekken fan fjoerwurk. Ek út de polityk komt der no reaksje.
© Omrop Fryslân, Rob Dijkstra
"Ik ha begrepen dat de organisaasje sels foarútrint op de beslissing fan de gemeente", seit Aant Jelle Soepboer fan FNP Noardeast-Fryslân. "Wêr't de beslissing ek fallen is, ik bin der noch hieltyd net bliid mei dat der wat belangryks hjirmei fuortgiet."

'Normaal' campingreglemint

De gasten soene harren oan in 'normaal' campingreglemint hâlde moatte. "As der eat net in gewoane camping wie, dan wie it De Feanhoop. Ik soe it skande fine at De Feanhoop in gewoane camping wurdt."
"Dit is in beslút dat grutdiels by de festivalorganisaasje weikomt. De organisaasje seit dat de oerlêst sa grut is, dat se gjin oare kar hie. Se binne der eins wol bliid mei, begriep ik tusken de rigels troch, want it wie foar harren ek in stik oerlêst", ferfolget Soepboer.
Aant Jelle Soepboer oer de feestboaten
It soe benammen gean om pontons dy't grutter binne as tolve meter, mei wetterkanonnen oan board en hurde muzyk. "Dat stikje ferantwurdlikens moatte we sels drage. Ik ha it idee dat it in hiele lytse minderheid is, dy't it foar in hiele grutte mearderheid ferballe hat. Mar moatte je dan sa rigoereus wêze en alles ferbiede?"

Offreegje oft dit de bedoeling is

Soepboer syn fraach is oft der genôch oan dien is. Is der noch sjoen nei oare oplossings? "As alles deroan dien is, dan is it hiel skande. Dan moatte de minsken dy't hjir persoanlik ferantwurdlik foar binne, har ôffreegje oft dit de bedoeling is."
Hy twivelet net oan de organisaasje. "Ik leau dat at de organisaasje seit dat se der alles oan dien hat, se der dan ek alles oan dien hat. Safier't ik wit, is it in goedrinnende organisaasje en ik tink dat it in beslissing is dêr't goed oer neitocht is. Mar ik fyn it skande, want it Veenhoop Festival is mear as in gewoan festival en bliuwt hooplik mear as gewoan in festival."