Safwat oer ferhuzing út Jorwert: wêrom is der rasisme yn it dorp?

25 apr 2019 - 06:00

Wy binne flechte út Syrië en we tochten dat Jorwert feilich wie, mar wêrom is der rasisme yn it doarp? Dat seit soan Safwat al Zaiden fan de Syryske húshâlding dy't út Jorwert wei ferhúzje sil. Se woene al fuort, mar resinte bedrigingen wiene de lêste drip.

Foto: Google Maps

De grutte Syryske húshâlding dy't yn it doarpshûs fan Jorwert wennet, wol út it doarp wei. Se hawwe lêst fan bedrigingen en rasistyske uteringen oan harren adres. Der is ien persoan troch de plysje oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan fernieling en bedriging.

It barde twa of trije wiken ferlyn op in freedtejûn, seit Safwat tsjin Omrop Fryslân, wylst syn mem derby sit. "Mensen die aan onze deur kwamen schreeuwen. Iemand van het dorp kwam met een mes. We probeerden te praten, maar dat wilde hij niet. Toen trok hij het mes uit zijn broekzak en wilde naar binnen. We hebben de deur dichtgedaan, maar hij duwde ertegenaan om binnen te komen. Toen hebben we de deur op slot gedaan."

De buorlju hawwe harren holpen en de plysje belle. De plysje hat ek by de bedriger west om syn kant fan it ferhaal te hearren, fertelt Safwat. De man is net de iennige dy't yntimidearret of driget, seit er. Der binne noch twa famyljes dy't foar de doar stiene te razen.

De famylje Al Zaiden is bot skrokken. Se tochten: yn sa'n lyts doarpke as Jorwert wenje grif aardige minsken. "In het begin was was iedereen blij toen we hier kwamen. Iedereen heeft ons geholpen."

Bang binne de measte famyljeleden net, útsein de jonge bern. Sy binne benaud dat de man elk momint wer foar de doar stean kin.

Wêr't se nei de ferhuzing hinnengean? Dat witte se noch net. "We willen graag in de wijken rond Leeuwarden of naar een andere plaats, maar we weten nog niet waar we terecht zullen komen."

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Safwat al Zaiden út Jorwert

(advertinsje)
(advertinsje)