Telefoanfrije wiken op Friese Poort krije takom jier breder ferfoch

24 apr 2019 - 22:31

It projekt 'April op stil' wêrby't in groep learlingen fan ROC Friese Poort twa wike gjin gebrûk meitsje mochten fan in smartphone kriget in ferfolch. Koen Vos fan de Friese Poort is entûsjast oer de diskusje dy't troch it projekt op de skoalle ûntstien is. Hy wol it projekt takom jier breder útrôlje, sadat folle mear studinten meidwaan sille.

Vos sei woansdeitejûn yn it diskusjeprogramma Iepen Up Live yn Neushoorn dat er skrokken is fan de útkomsten fan in enkête wêrby't mear as de helte fan de dielnimmers oanjoech dat se ferslaafd binne oan 'e smartphone. Neffens Vos hat it projekt der op de skoalle ta laat dat der bewuster oer it brûken fan de smartphone neitocht wurdt. Ek de studinten dy't oan it projekt meidien hawwe, wiene oer it generaal posityf oer it libben sûnder tillefoan. Sa waard der mear mei-inoar praat en wie bowlen sûnder tillefoan "geselliger". Opmerklik is wol dat it gebrûk fan de telefoan nei ôfrin fan it projekt net minder wie as dêrfoar.

Erkenning as ferslaving

Marian de Jong fan Verslavingszorg Noord-Nederland wie ek belutsen by it projekt fan de Friese Poort. Neffens har is smartphoneferslaving noch net offisjeel erkend, mar sy slút net út dat it yn de takomst wol as in offisjele ferslaving sjoen wurde sil.

By ferslavingssoarch meitsje se harren wol soargen oer in taname fan it ynternetgebrûk by bern. It giet dan foaral ek om it gamen. De Jong wiisde der derby op dat dit ek te krijen hat mei de âlden. Faak sitte dy sels ek in protte op de tillefoan en efter in laptop. Neffens De Jong is it wichtich dat âlden yn petear bliuwe mei de bern en harren ek ferdjipje yn de leefwrâld fan harren bern.

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)