VC Snits ferliest ek tredde wedstriid, Sliedrecht Sport Nederlânsk kampioen

It wie alles of neat foar de follybalfroulju fan VC Snits. Sliedrecht Sport koe by winst foar de tredde kear op rige kampioen fan Nederlân wurde. En dat diene de Súd-Hollanners oertsjûgjend: foar de tredde kear yn dizze finale-searje waard mei 3-0 wûn fan VC Snits. En dus einiget de beste-fan-fiif searje om de lânstitel ek yn 3-0 foar Sliedrecht.
© Orange Pictures
De earste set gie mei 25-20 nei de thúsploech. Hester Jasper makke it mei twa punten oant 23-20 noch efkes spannend, mar Sliedrecht liet it net fierder komme. Yn de twadde set pakten de Snitsers de lieding mei trije punten ferskil, 3-6, mar dat duorre net lang. Nei in pear kanonskûgels fan servicebeurten fan de Súd-Hollanners stie it yn in mum fan tiid alwer 20-13. De set einige yn 25-19.
Sa hie Sliedrecht Sport noch mar ien set nedich foar de titel. VC Snits kaam yn de tredde set flot njoggen punten achter, mar knokte knap werom oant 22-20 troch wer in pear prachtige smashes fan Hester Jasper. Mar doe wie it oer en út. Sliedecht Sport pakte mei 25-20 de tredde en beslissende set en wurdt sa foar de fiifde kear yn de kluphistoarje Nederlânsk kampioen.